Springe nei ynhâld

Diederanalyze

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Criminal profiling)

Diederanalyze, of yn it Ingelsk offender profiling of criminal profiling, is in opspoaringstechnyk dy't troch in soad plysjekorpsen en resjerzje-ienheden yn 'e wrâld brûkt wurdt om swiere misdriuwen op te lossen. Dêrby wurdt in diederprofyl opsteld troch in saneamde profiler, dat ta doel hat om:

  • it tal mooglike dieders te beheinen
  • de plysje oanwizings te jaan omtrint wêr't de dieder socht wurde moat;
  • eventuële eardere of oare misdriuwen fan deselde dieder oan it aktuële misdriuw te keppeljen; en
  • foarsizzings te dwaan oer eventuële takomstige misdriuwen begien troch deselde dieder.

Diederanalyze ûntstie yn 'e 1970-er jierren yn 'e Feriene Steaten. Doedestiden wiene de measte saakkundigen fan betinken dat dizze technyk inkeld relevant wie yn it ramt fan sedemisdriuwen lykas seksuële oantaasting, ferkrêfting en moard mei ferkrêfting. Letter kamen dêr 'gewoane' gefallen fan searjemoard by en ek ûntfiering. Sûnt de ein fan 'e 1990-er jierren wurdt diederanalyze ek wol ynset foar gefallen fan brânstifting (sûnt 1998), terrorisme (sûnt 2000) en sels ynbraak (sûnt 2017).

Diederanalyze is in metoade fan diederidentifikaasje dy't de geastlike en emosjonele skaaimerken en de persoanlikheid fan in dieder besiket fêst te stellen op basis fan 'e dingen dy't dyselde dieder dien en efterlitten hat op in plak delikt. It fundamintele útgongspunt is dêrby dat út hâlden en dragen persoanlikheidsskaaimerken ôf te lieden binne. Twa fierdere oannames fan diederanalyze binne gedrachskonsistinsje en homology. Gedrachskonsistinsje is it idee dat de misdriuwen dy't troch deselde dieder begien binne, wol beskate dúdlike oerienkomsten mei-inoar fertoane moatte, om't de dieder syn of har persoanseigen hâlden en dragen inkeld op oerflakkige manearen feroarje kin. Homology is it idee dat misdriuwen dy't opinoar lykje, begien wêze moatte troch dieders dy't opinoar lykje.

Dy oannames, benammen de homology-oanname, wurde troch de hjoeddeistige psychology en gedrachswittenskippen as efterhelle beskôge. Ek wurdt it meastepart fan 'e metoades foar diederanalyze karakterisearre troch de oanname dat hâlden en dragen fan in dieder benammen ôfhinget fan syn of har persoanlikheid, en net fan faktoaren dy't eigen binne oan 'e spesifike sitewaasje fan it oangeande misdriuw. Dat is in oanname dy't de psychology al sûnt de 1960-er jierren as in flater beskôget. Kritisy fan diederanalyze hawwe dizze praktyk sadwaande omskreaun as in pseudowittenskip en ferlike mei astrology. Nettsjinsteande dat nimt it gebrûk fan diederanalyze troch plysjetsjinsten wrâldwiid noch altyd ta.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Cited Works and Further Reading, op dizze side.