Springe nei ynhâld

Crashgate

Ut Wikipedy
De Renault R28 fan Nelson Piquet nei't er de muorre rekke hie.

Crashgate is de kontroverse oer de crash fan Renault F1 koereur Nelson Piquet, in sportyf skandaal dat feroarsake waard doe't Nelson Piquet mei opsetsin crashte by de Grutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2008, om in sportyf foardiel te jaan oan Renault-teamgenoat, Fernando Alonso.

Op 28 septimber 2008, yn de 14e omgong fan de Grutte Priis yn Singapoer, crashte de Renault R28, bestjoerd troch Nelson Piquet, yn bocht 17 tsjin de muorre fan it sirkwy, wêrtroch 't in safety car nedich wie. De oare Renault-koereur, Fernando Alonso, hie earder in betide pitstop makke en promovearre waard ta de lieder yn de race wylst oare auto's ûnder safety car-omstannichheden de pits yn giene. Alonso wûn dêrnei de race nei 't er as 15e begûn wie. Piquet beskreau syn crash destiids as in simpele flater.

Nei 't er troch it Renault-team ûntslein wie nei de Grutte Priis Formule 1 fan Hongarije 2009, bewearde Nelson Piquet dat er troch it team frege wie om mei opsetsin te crashen om de racesituaasje foar Alonso te ferbetterjen, wat late ta in ûndersyk nei Renault foar wedstriid manupylaasje troch de Fédération Internationale de l'Automobile (FIA), it bestjoersorgaan fan de Formule 1. Nei it ûndersyk waard Renault op 4 septimber beskuldige fan gearspanning en soe op 21 septimber 2009 de oanklacht beäntwurdzje.

Op 16 septimber ferklearre Renault dat se de oanklacht net tsjinsprekke soene, en kundige oan dat de direkteur fan it team, Flavio Briatore, en de technysk direkteur, Pat Symonds, it team ferlitten hiene.

Op 21 septimber 2009 waard bekend dat it Renault-team in diskwalifikaasje út de Formule 1 krigen hie. De diskwalifikaasje waard foar twa jier útsteld yn ôfwachting fan fierdere fergelykbere oertrêdingen. Flavio Briatore waard foar it libben ferballe út alle Formule 1 - eveneminten en FIA-organisearre eveneminten, wylst Pat Symonds in skarsing fan fiif jier krige. Har ferbod waard dêrnei ferneatige troch in Frânske rjochtbank, hoewol 't se beiden oerienkamen om yn in bepaalde tiid net te wurkjen yn troch de Formule 1 of troch de FIA organisearre eveneminten as ûnderdiel fan in lettere skikking dy 't berikt waard mei it bestjoersorgaan.