Springe nei ynhâld

Constable & Robinson

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Corsair Books)
Constable & Robinson Ltd.
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1999
oprjochter Nick Robinson
eigner Hachette UK
fuortk. út Constable & Co.
Robinson Publishing Ltd.
mem Little, Brown Book Group
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.constablerobinson.com

Constable & Robinson Ltd., soms ôfkoarte ta C&R, is ien fan 'e meast foaroansteande lytsere útjouwerijen yn Grut-Brittanje. It bedriuw is fêstige yn Londen, en bringt sawol fiksje as non-fiksje út. Teffens is it tige aktyf op it mêd fan 'e publikaasje fan e-boeken. Yn 2014 waard it oernommen troch de Little, Brown Book Group.

Constable & Robinson ûntstie yn 1999 troch de fúzje fan twa al langer besteande útjouwerijen. Constable & Co. waard yn 1795 yn it Skotske Edinburch oprjochte troch Archibald Constable, in ûndernimmer dy't syn tiid fier foarút wie. Sa wied er yn 1813 de earste útjouwer dy't syn skriuwers royaltys betelle, en yn 1825 begûn er as earste mei de publikaasje fan literêre edysjes foar de massamerk. Constable & Co. krige oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw bekendheid as útjouwer fan 'e wurken fan sir Walter Scott (wêrûnder bgl. Ivanhoe). Yn 1897 kaam by dizze útjouwerij ek de wiidferneamde horrorroman Dracula, fan Bram Stoker út.

Robinson Publishing Ltd. waard yn 1983 stifte troch Nick Robinson, dy't syn bedriuw yn 1999 mei Constable & Co. fúzjearje liet ta Constable & Robinson. Dêrmei is dizze útjouwerij de âldste yn 'e Ingelsktalige wrâld dy't noch aktyf is ûnder de namme fan syn oprjochter (yn dit gefal Archibald Constable). Yn 2000 wie Constable & Robinson de earste útjouwer fan online-boeken. Yn 2007 naam it bedriuw Right Way Books oer, in lytse útjouwerij (sûnt 1944) fan "wat & hoe"-gidsen. De ymprint Corsair, dy't wijd is oan baanbrekkende fiksjedebuten, waard yn 2009 oprjochte, folge troch Canvas foar kommersjele fiksje yn 2011. It jiers dêrop kaam út Corsair de berneboeke-ymprint Much-in-Little fuort. Dêrnjonken publisearret Constable & Robinson ek non-fiksje, lykas biografyen, selfhelplektuer en wurken oer skiednis, psychology en humor, en fierders teffens misdieromans ûnder de ymprint C&R Crime (sûnt 2013). Yn 2014 waard Constable & Robinson oernommen troch de Britske Little, Brown Book Group.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.