Springe nei ynhâld

Corrie ten Boomhûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Corrie ten Boommuseum)
Corrie ten Boomhûs
Corrie ten Boomhuis
  museum
Corrie ten Boommuseum
Corrie ten Boommuseum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Flagge fan Haarlim Haarlim
plak Flagge fan Haarlim Haarlim
adres Barteljorisstraat
koördinaten 52° 22′ N, 4° 38′ E
Algemiene gegevens
ferneamd nei Corrie ten Boom
type Skiedkundich museum
wurkmêd Ferset yn de Twadde Wrâldkriich
oprjochting 15 april 1988
Arsjitektuer
type gebou Winkelpân
monumint. status Ryksmonumint
monumintnûmer 18966
Offisjele webside
corrietenboom.com
Kaart
Corrie ten Boomhûs (Noard-Hollân)
Corrie ten Boomhûs
Lokaasje yn Noard-Hollân

It Corrie ten Boomhûs ek wol it Corrie ten Boom Museum of Corrie ten Boommuseum (korrekte stavering), yn Haarlim, is sûnt 1987 in museum ta oantins fan Corrie ten Boom.

Corrie ten Boom wie yn it earstoan horloazjemakker. Under de besetting wie sy mei-oprjochter fan in helpline foar joaden. It hûs mei aparte ferbouwings, lykas in skûlromte, wie in trochfieradres. Yn 1943 waard dy skeakel yn de line nei in ûnderdûkadres foar joaden ûntdutsen. Corrie, har heit Casper en har suster Betsie waarden nei in konsintraasjekamp stjoerd. Yn it kamp tsjûge hja fan har leauwe yn Kristus. Sy oerlibbe it kamp en ferfear nei de oarloch nei de Feriene Steaten. Dêr waard hja bot ferneamd.

De wente fan de horloazjery oan de Barteljorisstrjitte 19 yn Haarlim, út 1837, waard earst yn 1983 oankocht en renovearre troch de stichting Corrie ten Boom Fonds en sûnt is it in museum, dat fral troch Amerikanen besocht wurdt. De sionistyske Amerikaanske auteur en sjoernalist Michael David Evans (1947), oprjochter fan ferskate konservative kristlike organisaasjes en skriuwer fan tsientallen boeken, is foarsitter fan it bestjoer. Corrie ten Boom hat ek tal fan boeken skreaun, dy't in protte fan har ûnderfinings yn de Twadde Wrâldkriich behannelje.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: