Betsie ten Boom
Elisabeth ten Boom (Amsterdam, 19 augustus 1885 – Ravensbrück, 16 desimber 1944) wie Nederlânske frou, dochter fan horloazjemakker Casper ten Boom, dy't troch it Nazirezjym yn de Twadde Wrâldoarloch ferfolge waard om reden fan help oan Joadske ûnderdûkers. Sy waard nei it konsintraasjekamp Ravensbrück stjoerd, dêr't sy yn de âldens fan 59 jier stoar.
Sy is ien fan de haadfigueren yn de biografy The Hiding Place oer har de ûnderfinings fan har suster Corrie ten Boom yn de Twadde Wrâldoarloch. Betsie wie fan har berte ôf oan oanhelle mei pernisieuze anemy dy't it krijen fan bern behindere en bleau dêrom frijwillich frijfaam. Sy wie de âldste fan fiif yn de hûshâlding Ten Boom en wenne thús oant de oarloch ta. Sy die dêr de boekhâlding en it hûshâldlik wurk.
Betsie ten Boom en har heit Casper waarden yn 2008 eare troch de steat Israel as Rjochtfeardige ûnder de Folken. Har suster Corrie krige dy ûnderskieding al yn 1961.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ten Boom Museum
- Corrie ten Boom Live
- Betsie ten Boom op it webstee fan Yad Vashem
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ten Boom Museum fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |