Cornelis Speelman

Ut Wikipedy

Jonkhear Mr. Cornelis Jacob Speelman (It Hearrenfean, 17 desimber 1817 - Ljouwert, 7 maart 1891) wie rjochtbankpresidint en steatelid.

Soan fan jonkhear Abraham Florentius Speelman en Sophia Baltina Stoop. Liet him 2 juny 1836 ynskriuwe as studint oan de hegeskoalle fan Leien. Yn 1842 studearre er ôf as Master yn de Rjochten op in proefskrift Commentatio ad Frisiae statutorum titulum XVII libri primi de successione ab intestato. Troude yn Haarlim op 21 augustus 1846 mei Elisabeth Woltera Sandrina Enschedé (Ynskedee, 20 desimber 1821 - Ljouwert, 30 jannewaris 1873.

Hy wie presidint fan de arrondissemintsrjochtbank yn Ljouwert en lid fan de Steaten fan Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Adelboek, (1903) side 570
  • NNBW