Cornelis Scheltinga van Heemstra
Appearance
(Trochferwiisd fan Cornelis Scheltinga baron van Heemstra)
Cornelis Scheltinga baron van Heemstra (Oentsjerk (op Heemstrastate), 16 maart 1767 - dêre 30 jannewaris 1820) wie steatelid, maire en legerkapitein.
Cornelis wie de soan fan Schelte en Wiskje van Scheltinga. Hy troude op 7 septimber 1795 yn Ljouwert mei Anna Agatha Geertruida van Sixma (Ljouwert, 19 febrewaris 1777 - dêre, 20 febrewaris 1855), in dochter fan Age Tjepke Ruurd Sixma en fan Albertine du Tour). Fan harren tsien bern heakke syn soan Age Tjepke Ruurd de namme fan de útstoarne famylje Sixma oan syn namme ta.
Hy gie yn militêre tsjinst en die yn de rang fan kapitein mei oan de fjildtochten tsjin de Frânsken. Letter waard hy maire fan Oentsjerk en dêrnei milysje-kommissaris yn Fryslân en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|