Comarca
In comarca (Spaansk: [koˈmaɾka], Portegeesk: [kuˈmaɾkɐ] of [koˈmaʁkɐ], Katalaansk: comarque [kuˈmar.kə] of [koˈmaɾ.ka]) is in tradisjonele regio of pleatslike bestjoerlike ienheid yn Spanje, Portegal en guon fan harren eardere koloanjes lykas Brazylje, Nikaragua en Panama. It wurd komt fan it begryp marca, itjinge "mark" as grinsgebiet betsjut, mei it foarheaksel co, itjinge "mank", "tegearre" as "yn" betsjut, ôf. Dus it wurd betsjut sokssawat as "yn in grinsgebiet"
De comarca wurdt yn it Aragoneesk útsprutsen as redolada (IPA: [reðoˈlaða]) en yn it Baskysk as eskualde (IPA: [es̺kualde]). Yn it Galisysk wurde comarca's ek wol bisbarras (IPA: [bizˈβarɐs]) neamd.
In comarca komt oerien mei it wurd county en shire út de Angelsaksyske wrâld, alhoewol't dy yn it Spaansk en Portegeesk oerset wurde as condado - "greefskip" dy't yn it Ibearysk Skiereilân nei histoaryske regio's ferwize, dy't yn it ferline hearske waarden troch in greve (conde). It foech en de gearstalling fan comarca's yn de ferskate regio's rinne útien. Yn Kataloanje hawwe se bestjoerlike ferantwurdlikens, wylst se yn Brazylje rjochtsgebieten en yn Panama yndianereservaten binne.
Mienskip fan Portegeesksprekkende Lannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de midsiuwen oant de sechtjinde iuw wiene comarca's grutte bestjoerlike ienheden yn Portegal. Der wiene seis fan sokke tradisjonele ienheden. Fan de sechtjinde iuw ôf waarden se stadichoan ferwiisd as provinsjes.
Dêrnei waard it wurd comarca brûkt foar nije bestjoerlike en rjochtsdielgebieten fan de provinsjes, dy't yn d esantjinde iuw stifte waarden. Eltse comarca waard fertsjintwurdige troch in corregedor dy't de ôffurdige wie fan dy krite by de Kroan.
Yn de njoggentjinde iuw waarden de comarca's ferfongen troch bestjoerlike en rjochtsienheden dy't faninoar skaat waarden, yn it ramt fan it ynfieren fan de skieding tusken de bestjoerlike en wetjouwende macht. De nije bestjoerlike ienheden waarden distrikten en de rjochtsgebieten holden de namme comarca.
Hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei is de comarca in rjochtsgebiet yn Portegal, Brazylje en guon oare lannen fan de Mienskip fan Portegeesksprekkende Lannen, sa as bygelyks it rjochtsgebiet fan in beskate rjochtbank of fan in groep lytse rjochtsgebietsjes. Yn Brazylje binne der 2.680 comarca's en yn Portegal waard it tal comarca's, yn it ramt fan in bestjoerliek fernijing yn 2014, werombrocht fan 231 ta 23. Yn 2015 waard by in weryndieling Angola fannijs ûnderferparte yn 60 comarca's, dy't elts in rjochtsgebiet fan in beskate rjochtbank útmeitsje. Ek is Comarca de namme fan in foarstêd fan Lûanda, de haadstêd fan Angola.
Spanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It begryp comarca wurdt yn ferskate regio's fan Spanje brûkt.
- Astuerje: de histoaryske yndieling wie de conceyu (meartal: conceyos, concejo of municipio yn Spaansk). Hjoed-de-dei binne der ferskate comarca's, dy't lykwols net al te lang lyn oprjochte waarden, dochs gjin bestjoerlik of rjochterlik foech hat, en allinnich bestimd binne foar toeristyske doelen.
- Kantaabrje: de comarca is in tradisjone histoariske yndieling, almeast neamd nei de grutte rivieren yn de regio.
- Kataloanje en Aragon: de comarca (comarque yn it Katalaansk) is in pleatslike bestjoerlike ienheid dy't troch in rie fan bestjoer fan de comarca bestjoerd wurdt.
- Falinsia: de comarca is in tradisjonele regio mei gjin bestjoerlik foech mear.
- Galysje: de comarca of bisbarra is in tradisjonele dielgebiet dy't beheinde offisjele erkenning hawwe, dochs gjin bestjoerlik foech hawwe. De oerheid yn Galysje besiket lykwols om de bisbarra's fannijs yn te fieren as in bestjoerlike ienheid om in regionaal netwurk te kreëarjen dy't mear balansearre en effisjint is. Galisyske comarca's hawwe wol in rie fan bestjoer.
Yn oare regio's, lykas Ekstremadoera, kin in comarca nei in pleatslike krite of regio dy't gjin bestjoerlike ienheid is, ferwize.
Meksiko
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De njoggend egrutte agglomeraasje yn Meksiko is bekend as de Comarca Lagunera. De regio bestiet út 15 gemeenten, lykas de stêden Torreón, Coahuila en Gómez Palacio yn Durango.
Panama
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Panama, de comarca indígena is in bestjoerlike ienheid mei in grutte yndiaanske befolking. Fjouwer dêrfan binne winliken provinsjes. Twa lytseren binne part fan in provinsje en binne lyk oan in corregimiento, in ûnderferdieling fan in Panameeske provinsje.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|