Cobi Doevendans

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 aug 2011 om 19.11 troch Svenski (oerlis | bydragen)
Coby Doevendans (rjochts) by de iepening fan in eksposysje (1972) yn it Frysk Skipfeart Museum
Kryt mei houtskoal
Cobi Doevendans
Cobi Doevendans

Adriana Jacoba Doevendans, ( Snits, 20 july 1946 ), is in byldzjend keunstner út Snits. Se makket guaches, oaljeferve, lito's en muorredekoraasjes. Underwerpen binne meast lânskippen yn neo-ekspresjonistyske styl. Makke as byldhouster ek reliefs, útfierd yn chamotte en glazuere.

Wie learling fan de Akademy Minerva yn Grins en fan de Sommerakademy yn Salzburg. Krige lessen fan Corneille en Slavi Soucek en krige yn 1970 en 1972 prizen fan de stêd Salzburg foar non-figurative skilderkeinst en llitografy. Stie earst sterk ûnder ynfloed fan de Cobra-beweging, mar wist troch yntegraasje fan gegevens út de Pop-art en Actionpainting in hiel eigen sfear te skeppen. Wenne en wurke earst yn Snits, letter ferhuze se nei Grins. Joech dêr les oan ferskillende Grinzer middelber Underwiisynstellings. Lid fan it Bûn fan Fryske Keunstners yn Ljouwert en wennet no wer yn Snits.

It wapen op Amicitia en it Gevelreliëf oan de Groen van Prinstererskoalle en de Johannes Postskoalle yn Snits binne fan har hân. Skilderingen en peinjes fan har sitte ek yn de kolleksje fan it Frysk Skipfeart Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: