Begraafplak fan Montparnasse
Appearance
(Trochferwiisd fan Cimetière du Montparnasse)
It Begraafplak fan Montparnasse (Cimetière du Montparnasse) is in begraafplak yn it suden fan Parys sûnt 1824. It begraafplak waard ferneamd nei de wyk Montparnasse en is mei 1200 beammen op 19 hektare ien fan de meast wichtige griene longen fan de stêd.
Ferneamde lju beïerdige op Montparnasse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Aleksandr Aljechin (1892-1946), Russysk skaakgrutmaster
- Théodore de Banville (1823-1891), Frânsk dichter
- Frédéric Auguste Bartholdi (1834-1904), Frânsk byldhouwer
- Charles Baudelaire (1821-1867), Frânsk dichter
- Simone de Beauvoir (1908-1986), Frânsk skriuwster, filosofe en feministe
- Samuel Beckett (1906-1989), Iersk skriuwer en dichter
- Isabelle Caro (1982-2010), Frânsk anoreksia model, aktrise en skriuwsters
- Aristide Cavaillé-Coll (1811-1899), Frânsk oargelbouwer
- Jacques Chirac (1932-2019), Frânsk steatsman
- Emil Cioran (1911-1995), Roemeensk skriuwer
- André Citroën (1878-1935), Frânsk yndustrieel en oprjochter fan Citroën
- Albert Cossery (1913-2008), Frânsk auteur mei Egyptyske nasjonaliteit
- Antoine Cournot (1801-1877), Frânsk wiskundige, ekonoom en filosoof
- Paul Deschanel (1855-1922), Frânsk presidint
- Robert Desnos (1900-1945), Frânsk surrealistysk dichter
- Porfirio Díaz (1830-1915), Meksikaansk presidint en diktator
- Alfred Dreyfus (1859-1935), Frânsk ofsier
- Marguerite Duras (1914-1996), Frânsk skriuwster, filmregisseuse en feministe
- Émile Durkheim (1858-1917), Frânsk sosjolooch
- Cesar Franck (1822-1890), Frânsk komponist en oargelist
- Serge Gainsbourg (1928-1991), Frânsk dichter en sjonger
- Évariste Galois, (1811-1832), Frânsk wiskundige
- Charles Garnier (1825-1898) Frânsk arsjitekt
- Alexandre Guilmant (1837-1911), Frânsk komponist
- Clara Haskil (1895-1960), Roemeensk pianiste
- Stéphane Hessel (1917-2013), Dútsk-Frânsk diplomaat, ambassadeur, skriuwer en fersetsstrider
- Joseph Kessel (1898-1979), Frânsk sjoernalist en auteur
- Charles Louis Alphonse Laveran (1845-1922), Frânsk dokter en nobelpriiswinner
- Maurice Leblanc (1864-1941), Frânsk skriuwer
- Jean Le Moal (1909-2007), Frânsk skilder en byldhouwer
- Guy de Maupassant (1850-1893), Frânsk skriuwer
- Symon Petljoera (1879-1926), Oekraynsk nasjonalist
- Man Ray (1890-1976), Amerikaansk fotograaf en filmregisseur
- Camille Saint-Saëns (1835-1921), Frânsk komponist
- Jean-Paul Sartre (1905-1980), Frânsk skriuwer en filosoof
- Delphine Seyrig (1932-1990), Frânsk aktrise
- Joseph Teixeira de Mattos (1892-1971), Nederlânsk tekener
- Tristan Tzara (Sami Rosenstock) (1896-1963), Roemeensk dichter en essayist
- Jules Dumont d'Urville (1790–1842), Frânsk admiraal en ûntdekkingsreizger
- Louis Vierne (1870-1937), Frânsk komponist en oargelist
- Ossip Zadkine (1890-1967), Frânsk byldhouwer
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cimetière du Montparnasse fan Wikimedia Commons. |