Church of Saint Pancras (Widecombe-in-the-Moor)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sint-Pankratiustsjerke

Church of Saint Pancrasis

St-Pancras-Church-Widecombe-in-the-Moor 2.jpg
lokaasje
lân Flag of England.svg Ingelân
greefskip Flag of Devon.svg Devon
plak Widecombe in the Moor
adres Newton Abbot TQ13 7TA
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 14e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status Grade I listed building

De Sint-Pankratiustsjerke (Church of Saint Pancrasis, ek Cathedral of the Moor) in tsjerkegebou fan de Church of England yn Widecombe in the Moor, Devon, Ingelân.

Ynterieur

De bynamme Cathedral of the Moor krige de tsjerke fanwegen de hege toer en de relatyf grutte kapasiteit foar sa'n lyts doarp. De tsjerke waard oarspronklik fan lokaal granyt yn de 14e iuw boud yn de let-goatyske styl. Yn de folgjende twa iuwen waard de tsjerke grutter makke, dat diels mooglik makke troch de ynkomsten fan de lokale tin-winning. It plafond fan de tsjerke is fersierd mei in grut tal slútstiennen. Under ien fan de slútstiennen is ien mei it ôfbyld fan trije hazzen yn in sirkel, it embleem fan de tinjitters.

De tsjerke rekke by swierwaar yn 1638 slim skeind doe't in bolbliksem it gebou rekke. Op it stuit wie krekt de middeistsjinst oan 'e gong en de tsjerke siet groatfol. Fjouwer minsken ferstoaren en sechtich rekken ferwûne. Neffens de lokale leginde wie it de duvel dy't de Great Thunderstorm feroarsake, doe't er in besite oan it doarp brocht.

De grutte fan de parochy betsjutte eartiids dat minsken sneins kilometers rinne moasten om de tsjinst by te wenjen. Noch dreger waard it by begraffenissen, doe't de kisten oer rûch lân en somtiden steile hellings droegen wurde moasten. Healwie de heuvel fan Dartmeet stiet bygelyks fuort oan de wei de saneamde Coffin Stone, dêr't de dragers de kiste efkes delsetten om te rêsten. De stien is oer de hiele lingte yn twa stikken dield. It ferhaal giet dat it God tige bot argewaasje joech doe't de kiste fan in strieminne keardel by de stien delset waard. Hy liet troch de bliksem de kiste ferneatige en sloech mei in tongerslach de stien midstwa.

Op it tsjerkhôf leit Beatrice Chase begroeven, in bekend skriuwster fan streekromans.