Widecombe in the Moor

Ut Wikipedy
Widecombe in the Moor
Polityk
Lân Ingelân
Regio Súdwest-Ingelân
Greefskip Devon
Offisjele webside
Doarpsside

Widecombe in the Moor is in doarp en civil parish yn it Dartmoor National Park yn Devon, Ingelân. Fanwegen it skildereftige karakter en ek fanwegen de Widecombe Fair, in merk dy't alle jierren organisearre wurdt, is it in toeristysk sintrum. Njonken de kearn hat it doarpsgebiet in grut oerflak oan bûtengebiet, ek al telt it doarp mar in pear hûndert hûshâldings.

De Sint-Pankratiustsjerke stiet bekend as de Heidekatedraal (Cathedral of the Moor) fanwegen de 37 meter hege toer en de foar it doarp relatyf grutte tsjerke.

It doarp wie yn 2010 ien fan de lokaasjes dêr't Steven Spielberg's film War Horse opnommen waard.

The Old Inn