Springe nei ynhâld

China National Space Administration

Ut Wikipedy
国家航天局
China National Space Administration
algemiene ynformaasje
ôfkoarting CNSA
lân Sineesk
haadkertier Peking
oprjochte 1993
falt ûnder SASTIND
doel it ûntjaan fan in nasjonaal
    romtefeartprogramma
jierliks budget $500 miljoen (offisjeel)
$1,3 miljard (eins, nei skatting)
offisjele webside
www.cnsa.gov.cn

China National Space Administration (Ingelsk foar "Sineesk Nasjonaal Bestjoer foar de Romtefeart"), ornaris ôfkoarte ta CNSA, is de offisjele ynternasjonaal brûkte namme fan 'e nasjonale romtefeartorganisaasje fan 'e Folksrepublyk Sina. De namme yn it Sineesk is 国家航天局 (ferienfâldige Sineeske karakters) of 國家航天局 (tradisjonele Sineeske karakters); pinyin-transliteraasje: Guójiā Hángtiān Jú; letterlike betsjutting: "Nasjonaal Romtefeartburo". De CNSA waard yn 1993 oprjochte. It haadkertier is fêstige yn Peking.

De CNSA ûntstie yn 1993, doe't it eardere Sineesk Ministearje fan Romtefeartyndustry opspjalten waard yn twa nije organisaasjes (de oare wie de China Aerospace Corporation, CASC). Fan dat stuit ôf waard it belied oangeande romtefeart makke troch de CNSA en útfierd troch de CASC. Dat bliek in ûnbefredigjende regeling te wêzen, mei't de opspjalting fral op papier bestie en de beide organisaasjes yn 'e praktyk fierhinne itselde personiel en deselde fasiliteiten omfetten.

Sadwaande folge yn 1998 in nije reorganisaasje, wêrby't de CASC fierder opspjalten waard yn in stikmannich lytsere steatsbedriuwen. It liket de bedoeling west te hawwen om 'e wenstige sitewaasje yn 'e Westerske wrâld nei te bearen, wêrby't de oerheid militêre kontrakten útbesteget oan partikuliere bedriuwen. It is ûndúdlik hoe goed sa'n systeem funksjonearret as ek de bedriuwen dy't de kontrakten krije winliken eigendom fan 'e oerheid binne.

In hichtepunt yn 'e skiednis fan 'e CNSA wie de lansearring, op 15 oktober 2003, fan 'e Shenzou 5, it earste Sineeske bemanne romteskip.

It haadkertier fan 'e CNSA is fêstige yn it Haidian-distrikt fan 'e Sineeske haadstêd Peking. De organisaasje ressortearret ûnder de State Administration for Science, Technology and Industry for National Defence (SASTIND), in buro fan it Sineesk Ministearje fan Yndustry en Ynformaasjetechnology. It haad fan 'e CNSA wurdt beneamd troch de Steatsried fan 'e Folksrepublyk Sina.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.