China Moon (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
China Moon (pornografysk aktrise)
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
China Moon (aktrise).jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jamie Lee, June Lee
echte namme ?
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 13 septimber 1971
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the Philippines.svg Filipynsk
Flag of China (1912–1928).svg Sineesk
Flag of Spain.svg Spaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19941998
offisjele webside
gjint

China Moon, echte namme ûnbekend (San Diego, 13 septimber 1971), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Filipynsk, Sineesk en Spaansk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jamie Lee en June Lee. Neffens har offisjele opjefte wie hja ûnder har karriêre 1.63 m lang, mei in gewicht fan 50 kg.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

China Moon is hikke en tein yn San Diego, yn it suden fan 'e steat Kalifornje, dêr't hja yn 1971 berne waard. Yn 1994, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn 37 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske studio's as Adam & Eve, VCA Pictures en New Sensations. Ek wurke se foar ferskate films gear mei de Frânske regisseur Pierre Woodman, foar it Sweedske Private-label. Yn 1998 loek China Moon har út 'e pornoyndustry werom

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: