Springe nei ynhâld

Children of Jubal

Ut Wikipedy
Children of Jubal
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjenre Rock
bestean 1967 - 1979
leden
Sang Geert van der Velde
Gitaar Yntze Heida
Toetsen Teake Beukema
Bas Harry Moltmake
Drums Erie Dam

Children of Jubal (ek bekend as Children) wie in Fryske rockband oprjochte yn 'e Fryske Wâlden, en wie aktyf tusken 1967 en 1979. Children of Jubal begûn ûnder de namme First Edition. Fan 1960 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Children of Jubal, mar yn 1974 waard de oanfolling "of Jubal" eins net mear brûkt.

De Children of Jubal dy't har letter koartwei Children neamden, wie in Fryske meloadyske rockband út it ein fan de 60-er en de 70-er jierren. De groep, dy't meast spile yn Fryske en Grinzer jongereinsintra, wie benammen bekend fanwege de harmoanyske- en de foar dy tiid nije, stereolûdseffekten by har optredens. De groep is om 1967 hinne ûntstien yn de Fryske Wâlden (Surhústerfean en omkriten).

Sa as safolle pleatslike bandsjes begûn it mei de Children op in souderkeamer mei suver gjin ynstruminten. Geert van der Velde, Harry Moltmaker en Anne Weening foarmen yn de begjintiid de besetting fan dizze band, dy't doe noch as First Edition troch it libben gie. Doe't bliken die dat der al in band mei dy namme bestie, waard yn 1969 de namme feroare yn "Children of Jubal". Anne Weening ferdwûn fan it toaniel en de earste 'fêste' besetting fan de band foarme him: Geert van der Velde (slachwurk en sang), Harry Moltmaker (basgitaar) en Teake Beukema (oargel). Fierder waard Siete Pultrum as technysk man oanlutsen en syn technysk fernuft soe it foar de Children sa typyske lûd opsmite. Pultrum, dy't sels ek wol ydee by muzyk hie, wie wat âlder as de bandleden en smiet him al gauweftich op as de lieder fan it selskip.

Yn 1971 kaam Erie Dam by de groep as drummer. Geart koe sa de sang los fan de drumkit fersoargje en wat mear teater op it poadium meitsje. In jier letter moast Teake Beukema de band ferlitte fanwege stúdzje. Yntze Heida waard de nije gitarist. Yn dizze besetting soe de band it measte sukses hawwe. De ynfloed fan ekperimentele groepen as Soft Machine, dy't lange meloadyske rocknûmers kombinearren mei ynfloeden út ûnder oaren de jazz, klonk troch yn de muzyk fan de Children of Jubal. Der waarden by Universe Productions fan Wobbe van Seijen twa nûmers op in split-LP setten en in optreden yn it foarprogramma fan Chapaque soe it grutste optreden fan de Children of Jubal wurde.

Yn 1974 sette de band Siete Pultrum oan de kant en fan dy tiid ôf neamden se har koartwei Children. Se geane dan mear de kant fan de rocht-ta-rjocht-út-rock op. Se soene oant 1979, doe't de groep opdûkt wurde, noch regelmjittich ferskine yn it clubsirkwy yn Fryslân en Grins.

Op 5 maaie 1999 fûn yn Vreewijk yn De Folgeren ûnder Drachten in reuny-optreden plak. Yn dat jier ferskynde ek it nûmer "Song of Jubal" op in sammel-CD mei de namme "Waterpipes and Dikes". Op alternative radiostjoerders rûnom op de wrâld ferskynt dat nûmer noch sa út en troch op de spyllist.