Chiesa di Sant'Elena (Feneesje)

Ut Wikipedy
Sint-Helenatsjerke

Chiesa di Sant'Elena

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Veneto
provinsje Feneesje
plak Torcello
adres Fondamenta dei Borgognoni 24, 30142 Feneesje
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1435-1515
boustyl Gotyk

De Sint-Helenatsjerke (Chiesa di Sant'Elena) is in goatysk tsjerkegebou op it eilân mei deselde namme yn Feneesje, Itaalje. De tsjerke stiet yn it stedsdiel Castello oan it eastlike ein fan de stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In earste oan Helena fan Konstantinopel wijde kapel waard boud yn 1028. It wie in tsjerke fan de augustinen, dy't ek in kleaster by de kapel bouden. Yn 1211 brocht de augustynske muonts Aicardo it ferûnderstelde lichem fan de keizerin fanút Konstantinopel nei Feneesje. De augustinen bouden letter in gruttere tsjerke en yntegrearren de kapel yn dy tsjerke.

Ynterieur

Yn de 15e iuw waard it kleaster oerdroegen oan benediktynske muontsen, dy't in nije tsjerke bouden. In iuw letter, yn 1515, waard de tsjerke troch de biskop fan Aleppo wijd en waard it in wichtich religieus sintrum mei in soad besit en opmerklike keunstwurken.

De tsjerke waard yn 1810 yn de Frânske tiid ûnthillige en sletten. De skryn fan Sint-Helena waard oerbrocht nei de Basilica di San Pietro di Castello (Sint-Piterbasilyk fan Castello) en it renêssânse-portaal waard oan de gevel fan de Chiesa di Sant'Aponal (Sint-Apollinaristsjerke) wer opboud. Ek de út 1558 datearjende klokketoer waard ôfbrutsen.

Yn 1928 waard de tsjerke op 'e nij iepene foar de earetsjinst en tabetroud oan de Ordo Servorum Mariae. Yn de jierren dêrnei waard de skryn fan Sint-Helena werom brocht nei de tsjerke. Ek it oarspronklike portaal kearde werom.

De 50 meter hege klokketoer waard neffens in plan fan de arsjitekt Forlati yn de jierren 1950 boud en krige yn 1958 seis nije klokken.

Yn oktober ferlieten de muontsen de parochy en waard de tsjerke oerdroegen oan salesiaanske preesters.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike alterstik fan de Oanbidding fan Sint-Helena en de Trije Kenings (1525 -1526) fan Jacopo Palma, dat yn de Frânske tiid stellen waard, hinget tsjintwurdich yn de Pinacoteca di Brera. It hjoeddeiske alterstik yn de tsjerke is in kopy fan in alterstik fan de neogoatyske Chiesa dei Sette Santi Fondatori (Tsjerke fan de Sân hillige Stifters) yn Florâns. In soad oare kostbere skilderijen fan de tsjerke binne tsjintwurdich yn de Gallerie dell'Accademia. De skryn fan Sint-Helena stiet ûnder it alter fan de Sint-Helenakapel.

Kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de ûntwijing yn 1807 waarden de kleastergebouwen foar in part ôfbrutsen. Bewarre bleau in 15e-iuwske kleastergong. De fontein yn it sintrum fan de kleastergong is 18e-iuwsk.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Italjaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: it:Church Sant'Elena (Venice)