Chiem van Houweninge
Chiem van Houweninge | ||
akteur | ||
Van Houweninge op it Berlynsk filmfestival 2012 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 novimber 1940 | |
berteplak | De Haach | |
jierren aktyf | 1972 - no, as senarioskriuwer en akteur | |
prizen | ANV-Visser Neerlandia-priis | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Joachimus Johannes (Chiem) van Houweninge (De Haach, 20 novimber 1940) is in Nederlânske akteur en senarioskriuwer. Hy is troud mei senarioskriuwster Marina de Vos.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chiem van Houweninge studearre Kulturele Antropology en Dramaturgy oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1965 stapte er oer nei de Amsterdamske toanielskoalle dêr't er yn 1969 eineksamen die. Hy debutearre yn De rozenoorlogen en spile oanslutend by it Nieuw Rotterdams Toneel, it Amsterdamsk Toaniel en it Publyksteäter. Yn Dútslân wie er ek in súksesfol en dierber akteur yn Tatort dêr't er geregeld yn meispile.
Underwilens lei er him hieltyd mear ta op it skriuwen fan telefyzjesenario's. It meast bekend waard Van Houweninge fan de searjes dy't er tegearre mei Alexander Pola ûntwikkele en skreau foar de VARA. De searjes waarden ynearsten op trochdewykse dagen útstjoerd, mar fan it grutte sukses fan Zeg'ns Aaa ôf waarden se prominint op de sneontejûn programmearre. Van Houweninges frou Marina de Vos levere ynearsten tekstbydragen oan Zeg'ns Aaa, mar waard nei it ferstjerren fan Pola ien fan de fêste skriuwers. Hja wie dêrnei ek belutsen by de folgjende produksjes fan Chiem van Houweninge. Yn 2020 wie er, tegearre mei syn frou Marina, doe't er 80 jier wie, te sjen yn in telefyzjecommercial fan in grutte Amerikaanske hamburgergigant.
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De dwaze lotgevallen van Sherlock Jones (1975; ien fan de fjouwer skriuwers)
- Ieder zijn deel (1976-1978)
- Cassata (1979)
- Schoppentroef (1984)
- Zeg 'ns Aaa (1981-1993)
- Oppassen!!! (1991-2003)
- De Victorie (1994)
- Ben zo terug (1999-2001)
- Luifel & Luifel (2001-2002)
- Bergen Binnen (2003-2004)
- Zeg 'ns Aaa (2009)
- We gaan nog niet naar huis (2008-2010)
- De Rotterdam Connectie (2016)
Foar de Dútske telefyzjestjoerder WDR wied er tusken 1982 en 1991 (mei)auteur fan de searje Tatort en fan 1997 oant 2013 fan Schimanski. Dy searjes mei kommissaris Horst Schimanski (spile troch Götz George) spilen him ôf yn Duisburg. Van Houweninge spile sels ek mei as Hänschen. Yn de ôflevering "Der Fall Schimanski" út de searje waard de folle namme fan Hänschen bekend makke: Hans Scherpenzeel van Maaskant-Schoutens. Van Houweninge skreau benammen de ôfleveringen dy't foar in part yn Nederlân spylje. Van Houweninge wûn yn 1968 de ANV-Visser Neerlandia-priis foar Pachacamac.
Stimakteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de Nederlânske neisyngronisaasje fan de films Toy Story, Toy Story 2, Toy Story 3 en Toy Story 4 spruts Van Houweninge de stim fan Slinky yn. Ek foar de Nederlânske neisyngronisaasje fan de Pixar shorts fan Toy Story (lykas Hawaiian Vacation) en de Disney fideospullen (sa as Disney Infinity) die Van Houweninge de stim fan Slinky.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chiem van Houweninge fan Wikimedia Commons. |