Springe nei ynhâld

Charles Algernon Parsons

Ut Wikipedy
Charles Algernon Parsons

Charles Algernon Parsons (Londen, 13 juny 185411 febrewaris 1931) wie in Ingelsk yngenieur dy't de stoomturbine útfûn. Parsons arbeide oan dynamo's en it opwekken fan enerzjy. Teffens wie er ûntwerper fan in optyk foar sykljochten en teleskopen.

Parsons wie de jongste soan fan de ferneamde astronoom William Parsons, 3e hartoch fan Rosse. Hy krige ûnderrjocht oan it Trinity College yn Dublin. Yn 1877 helle er in graad yn wiskunde oan it St. Johns College fan de Universiteit fan Cambridge. Dêrnei gyng er oan it wurk as learling-yngenieur by Elswick Works fan W.G. Armstrong yn Newcastle upon Tyne. Hy ferfear dêrnei nei Leeds om by Kitson & Co torpedo's mei raketoandriuwing te ûntwikkeljen, mar dat mislearre. Hy krige dêr wol kunde oan Katherine Bethell, mei wa't er yn 1883 troud.

Parsons wurdt junior-partner en haad fan de ôfdieling elektrisiteit-skipsbou by Clarke, Chapman and Company yn Gateshead. Dêr patintearret er de turbinemotor dy't er útfûn hie en past dy ta op in elektryske generator dy't er ek sels ûntwurpen hie. Yn 1899 stiftet er syn bedriuw C. A. Parsons and Company dêr't stoomturbines nei eigen ûntwerp makke wurde.

Parsons wie ek tige ynteressearre yn tapassings fan syn turbines yn de skipfeart; mei dat doel rjochte er de Parsons Marine Steam Turbine Company op yn Newcastle. Ferneamd wurden is it jacht Turbinia, it earste skip dat oandreaun waard troch in stoomturbine fan Parsons; by gelegenheid fan Keninginne Viktoria har diamanten jubileum waard de nije technology demonstrearre (yn de Fleet Review) foar de kust by Portsmouth. De Turbinia helle 34 knopen, mei troch de slanke romp. De fluchste skippen fan de Ingelske marine hellen doe mei oare technologyen 27 knopen.

Twa jier letter wienen twa ûnderseeboatjagers mei Parson syn turbines útrist, rillegau folge troch it passazjiersskip TS King Edward yn 1901 en oaren. It earste moderne slachskip, HMS Dreadnought krige yn 1906 stoomturbines en dat koe hurder farre as alle oare marineskippen. Distiid stiet de restaurearre Turbinia yn in dêr apart foar boude 'gallery' yn it Discovery Museum yn Newcastle.

Parsons ûntfong yn 1927 in Order of Merit en in jier letter de Copley Medal. Hy stoar oan board fan de Duchess of Richmond doe't er mei syn frou op in cruise wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Birrcastle.com - Charles Parsons

  • Referinsjes: sjoch it artikel Charles Algernon Parsons fan de Ingelsktalige Wikipedy