Springe nei ynhâld

Catania

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Catania (stêd))
Catania
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
regio Sisylje
Sifers
Ynwennertal 297.605 (31.07.2024)
Oerflak 182.9 km²
Hichte 7 m
Oar
Postkoade 95121-95131
Koördinaten 37° 30' N 15° 05' E
Offisjele webside
www.comune.catania.it
Kaart
Catania (Sisylje)
Catania

Catania is de op ien nei grutste stêd fan Sisylje, lizzend op de eastkust fan it eilân. It is de haadstêd fan de provinsje Catania. Yn 2005 hie de stêd mear as 307.000 ynwenners. De stêd leit oan de foet fan de Etna, de aktive fulkaan sa'n 30 kilometer benoarden de stêd. Sint-Agatha is de beskermhillige fan de stêd.

De stêd hat in kommersjele haven, in ynternasjonaal fleanfjild, Catania-Fontanarossa, en in treinstasjon. Yn 1999 is it earste diel fan de metro fan Catania tusken de stasjons Borgo en Porto yn gebrûk nomd. Fierders hat Catania de measte teaters fan it eilân. Der binne in protte profesjonel teatergroepen, mar ek amateur-teatergroepen, yn de stêd.

De komponist Vincenzo Bellini is yn 1801 yn Cataniaberne berne en de byldhouwer Emilio Greco yn 1913. De hjoeddeiske populêre sjongers Mario Venuti, Carmen Consoli, en Patrizia Laquidara komme ek út Catanis.

It histoaryske stedssintrum stiet sûnt 2002 mei acht oare barokke stêden yn de Val di Noto op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Catania fan Wikimedia Commons.