Carmen Consoli

Ut Wikipedy
Carmen Consoli yn Florâns 2006
Carmen Consoli 2004 yn Cortemaggiore
Carmen Consoli 2000 yn Mailand

Carmen Consoli (Catania, 4 septimber 1974) is in Italjaanske singer-songwriter. Sy is yn Itaalje ek ferneamd mei de namme Cantantessa.

Carmen waard 1996 doe't hja mei 22 jier meidie oan it Festival fan Sanremo. Mei Amore di Plastica helle hja it achste plak yn de kategory "giovani" (jongerein). Fuort nei it festival waard it debútalbum Due parole útbrocht. In jier letter die hja twads mei oan it festival mei it eksperimintele Confusa e felice. It nûmer die net folle op it festival, mar waard wol ien fan de meast draaide nûmers op de Italjaanske radio yn de maitiid.

It tredde album Mediamente isterica út 1998 wie bot hurder en net sa tagonklik as de twa foargongers. Dochs waard it album wer in grut súkses en kamen der fjouwer hitsingles út fuort. 2000 wie in wichtich jier foar Carmen. Nei trije jier ôfwêzigens docht hja wer mei oan it Festival dan Sanremo. It nûmer In bianco e nero hellet it achtste plak, mar it album Stato di necessità dominearret wikenlang de Italjaanske hitparades. Yn 2001 komt it album ek yn Frankryk út ûnder de titel État de necessité. Itselde jier ferskynt yn Itaalje livealbum L'anfiteatro e la bambina impertinente dat opnaam waard yn it Grykske amfitheater fan it Sisyljaanske plak Taormina.

It lêste studioalbum dat oant no ta fan de cantantessa ferskynd is datearret út 2002 en hjit L'eccezione. It album lit in rêstiger lûd hearre. De single mei deselde namme wurdt in grutte hit. 2003 waard in Ingelsktalige ferzje fan it album útbrocht mei de titel Carmen Consoli.

Dêrnei komt Carmen earst yn 2006 werom oan it Italjaanske muzykfront. Op 12 maaie waard it sechde studioalbum Eva Contro Eva útbrocht, oankundige mei de single Signor Tentenna.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Due parole (1996)
  • Confusa e felice (1997)
  • Mediamente isterica (1998)
  • Stato di necessità (2000)
  • État de necessité (2001)
  • L'anfiteatro e la bambina impertinente (2001)
  • L'eccezione (2002)
  • Carmen Consoli (2003)
  • Un Sorso in più (MTV live) (2003)
  • Eva Contro Eva (2006)
  • Elettra (2009)
  • Per niente stanca (2011)

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Quello che sento (1995)
  • Questa notte una lucciola illumina la mia finestra (1996)
  • Amore di plastica (1996)
  • Lingua a sonagli (1996)
  • Confusa e felice (1997)
  • Venere (1997)
  • Uguale a ieri (1997)
  • Besame Giuda (1998)
  • Puramente casuale (1998)
  • Eco di sirene (1999)
  • Autunno dolciastro (1999)
  • In bianco e nero (2000
  • Orfeo (2000)
  • Parole di burro (2000)
  • l'Ultimo bacio (2001)
  • L'eccezione (2002)
  • Piogia d'aprile (2003)
  • Fiori d'arancio (2003)
  • Signor Tentenna (2006)
  • Eva su Eva (2006)
  • AAA Cercasi (2011)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]