Castle Freeman jr.
Castle Freeman jr. | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Castle Freeman jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 26 novimber 1944 | |
berteplak | San Antonio (Teksas) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, essay's, non-fiksje (skiednis) | |
bekendste wurk(en) |
Go with Me | |
jierren aktyf | 1997 – no | |
offisjele webside | ||
castlefreemanjr.com |
Castle Freeman jr. (San Antonio, 26 novimber 1944) is in Amerikaansk skriuwer, essayist en publisist. Hy levere tritich jier lang bydragen oan The Old Farmer's Almanac. Yn 1997 publisearre er syn earste roman. Hy krige lykwols pas bekendheid by in breder publyk mei de novelle Go with Me, dy't yn 2008 útkaam en neitiid ferfilme waard as Blackway, mei sir Anthony Hopkins yn 'e haadrol.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Freeman waard yn 1944 berne yn San Antonio, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as de soan fan in ofsier dy't tsjinne by it Loftfeartkorps fan it Amerikaanske Leger (in organisaasje dy't de foarrinner wie fan 'e Amerikaanske Loftmacht). Syn famylje kaam eins út Illinois, en Freeman groeide op yn Chicago. Hy studearre oan 'e Columbia Universiteit yn New York, dêr't er yn 1968 in bachelortitel behelle.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Freeman wurke(t) as redakteur en korrektor by útjouwerijen fan boeken en tydskriften. Koart nei't er him yn Vermont nei wenjen set hie, begûn er serieus oan in eigen karriêre as skriuwer, ûnder mear troch geregeldwei bydragen te leverjen oan ferskate blêden. Sa skreau er tritich jier lang, fan 1982 oant 2011, stikjes yn The Old Farmer Almanac. Oare tydskriften dêr't er yn publisearre, wiene Harrowsmith Country Life Magazine (1992-1993) en Vermont Life Magazine (2009-no).
Yn 1997 ferskynde Freeman syn earste roman, Judgment Hill, dy't priizge waard troch it toanoanjaande Amerikaanske fakblêd Publishers Weekly. Yn 2002 folge in twadde roman, My Life and Adventures, dy't ek posityf ûntfongen waard. It wie lykwols syn trêde langere wurk, de novelle Go with Me, dy't him bekendheid joech by in breder publyk. It boek waard werútjûn as paperback troch de grutte útjouwerij HarperCollins. It fakblêd Kirkus Reviews skreau oer de novelle: "As alle boeken sa goed wiene, soene Amerikanen mear lêze." Go with Me waard yn 2016 ferfilme as Blackway, mei sir Anthony Hopkins, Julia Stiles en Ray Liotta yn 'e haadrollen.
Neitiid skreau Freeman noch twa romans, All That I Have (2009) en The Devil in the Valley (2015). Dêrnjonken is er de auteur fan sa'n fyftich koarte ferhalen, twa ferhalebondels, mear as hûndert essays en in yngeande skiednis fan it plak Townshend yn Vermont. Guon fan syn ferhalen waarden opnommen yn 'e blomlêzings The Best American Short Stories en The Best American Nonrequired Reading. Frijwol alle wurk fan Freeman giet oer it plattelân fan noardlik Nij-Ingelân en yn 't bysûnder Vermont.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Freeman troude yn 1969 mei keunstneresse en ûntwerpster Alice Chaffee. Yn 1972 ferfearen se nei Vermont, dêr't se sûnt 1975 yn it plak Newfane wenje.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans en novelles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1997 – Judgment Hill
- 2002 – My Life and Adventures
- 2008 – Go with Me
- 2009 – All That I Have
- 2015 – The Devil in the Valley
Ferhalebondels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1987 – The Bride of Ambrose and Other Stories
- 2012 – Round Mountain: Twelve Stories
Non-fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1995 – Spring Snow: The Seasons of New England from The Old Farmer's Almanac (essaybondel)
- 2003 – A Stitch in Time: Townshend, Vermont, 1753-2003 (lokale skiednis fan Townshend)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |