Cas Jansen
Cas Jansen | ||
akteur | ||
Parsepresintaasje fan Leve Boerenliefde. Jansen is yn wyt-swart streke trui. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Casper Jansen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 juny 1977 | |
berteplak | Badhoevedorp | |
jierren aktyf | sûnt 1993 | |
offisjele webside | ||
http://www.casjansen.nl/ |
Casper Jansen (Badhoevedorp, 24 juny 1977) is in Nederlânske akteur, benammen bekend troch syn rol as Julian Verduyn yn de RTL 4-soap Goede Tijden, Slechte Tijden.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonge jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er 11 jier wie spile Jansen by it Amsterdamske Jeugdtheater De Krakeling yn Gestrand (in Nederlânske oersetting fan Lord of the Flies fan William Golding). Ek wie hy op toaniel te sjen yn Ubu Roi (1993) en Kening Lear (1995).
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fierder spile Jansen yn ferskate telefyzjerigen, wêrûnder Fort Alpha (1996–1997), en yn de telefyzjesoap Goede tijden, slechte tijden, as Julian Verduyn. Dêrnei krige hy in roltsje yn de film Karakter (1997) en wie hy te sjen yn de telefyzjerige All Stars as de ivich blowende Nemo. De rige is basearre op de lykneamde film út 1997; dêryn is Jansen lykwols in tel te sjen as syn karakter út GTST. Ungefear tagelyk spile hy de plysje Eddy Dolstra yn de film Lek (2000). In jier letter fertolke hy twa seizoenen lang de rol fan resjersjeur Chris Luifel yn de telefyzjerige Luifel & Luifel op SBS6. Yn dizze rige lost hy tegearre mei syn heit (Ebenezer Luifel) moardsaken op. Jansen spile dêrnei ûnder mear yn Volle maan (2002) en De dominee (2004), basearre op it libben fan drugsbaron Klaas Bruinsma, en yn Vet Hard (2005). Dêrneist die hy telefyzjewurk.
Yn 2005 spile Jansen yn it toanielstik Tape fan Stephen Belber. Yn it teäterseizoen 2006–2007 fertolke hy in haadrol neist Jelka van Houten yn it stik Sexual Perversity, regisearre troch Marcus Azzini. Dit toanielstik giet oer freonskip, biningseangst en tagelyk ferlittingseangst, oerjaan en jin oerjaan, mei leafde as heechste priis.
Yn desimber 2005 spruts Jansen tegearre mei Tygo Gernandt de haadrollen fan de kompjûteranimaasjefilm Elephants Dream yn.[1]
Jansen is sûnt 5 jannewaris 2006 te sjen as Timo de Brauw yn de AVRO-rige Spoorloos verdwenen, wêrfan ein 2008 it tredde en tagelyk lêste seizoen útstjoerd waard.
Yn de simmer fan 2006 makke Jansen syn debút as radio-dj by de stjoerder Arrow Caz. Hy ferfong mei syn presintaasje fan Cas op Caz trije wiken lang it programma Timur Open Air fan Timur Perlin. Yn 2009 fertolke Jansen ien fan 'e haadrollen yn 'e histoaryske film De Hel van '63, oer de Tolfde Alvestêdetocht fan 1963.
Yn 2010 spile hy ek yn de gangsteropera PIMP fan teätergroep ZEP yn teäter de Veste. Hy spile dêryn mei ûnder oaren Nadja Hüpscher. Ek waard hy dat jier de stim fan de telefyzjestjoerder Veronica TV.
Yn 2017 wie hy te sjen yn de rige Vaders & Moeders. De rige bestiet út tolve ôfleverings dy’t elk seis oant acht minuten duorje. De rige waard makke foar on-demandplatform Videoland.
Yn 2019 kaam Jansen nei 20 jier ôfwêzichheid werom yn de RTL 4-soap Goede tijden, slechte tijden as it personaazje Julian Verduyn. Hy kaam werom doe't meardere personaazjes om de famylje Verduyn yntrodusearre waarden.[2]
Yn 2019 waard bekend dat Cas Jansen in rol krige yn it Fryske filmprojekt Grutte Pier fan regisseur Steven de Jong.[3]
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jansen is troud mei aktrise Annelieke Bouwers en hat mei har in dochter en in soan. [4]
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1995: Pisvingers''
- 1996: Fort Alpha – Jonas van Nieuwenhuizen
- 1996: Goede tijden, slechte tijden – Julian Verduyn (1996–1999, 2019-no)
- 1997: Karakter (film) – Opstandeling
- 1999: All Stars (telefyzjerige)' – Nemo (1999–2001)
- 2000: Lek (film) – Eddy
- 2002: Volle maan (film) – Hans
- 2002: Luifel & Luifel – Chris Luifel
- 2002: Deadline (2002) – Mike8
- 2004: De dominee – Pieter
- 2004: Baantjer (telefyzjerige): De Cock en de gemaskerde moord – Boris Soetens
- 2005: Vet Hard– Martin
- 2005: Stuntnacht – Hugo Haren
- 2006: Spoorloos verdwenen – Resjersjeur Timo de Brauw (2006–2008)
- 2006: Elephants Dream – Emo
- 2009: 't Vrije Schaep – Peter
- 2009: S1NGLE (telefyzjerige): Een jaartje ouder – Melle
- 2009: De Hel van '63 – Henk Brenninkmeijer
- 2011: All Stars 2: Old Stars – Nemo van Loen
- 2012: De club van lelijke kinderen (2012) – heit Paul
- 2012: Mees Kees (film) – heit Sep
- 2012: Balans (film) – klimmer Graef
- 2013: Leve Boerenliefde – Jelte
- 2013: Mees Kees op kamp – heit Sep
- 2014: Mees Kees op de planken – heit Sep
- 2014: Wiplala – dokter Vink
- 2015: Meiden van de Herengracht – Steven Bergman
- 2017: De 12 van Oldenheim – Thomas Wisse
- 2018: De Kameleon (telefyzjerige) - Gerben Zonderland
- 2020: Flikken Maastricht - Henk Kuyt
- 2021: The Passion 2021 – plysje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|