Carson (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Carson
Rin en streamgebiet fan de Carson

De Carson River is in rivier yn it noardwesten Nevada, dy't mûnet yn de Carson Sink.

Yn it easten, yn Churchill County, leit de Lahontandaam, dêr't de Lahontanopslachmar troch ûntstien is. De mar soarget foar yrrigaasje en hydro-elektrisiteit.

Yn de 50er en 60er jierren fan de 19e iuw wie de rivier in part fan de Pony Ekspres en de Carson Trail, in tûke fan de California Trail, it paad nei de goudfjilden fan Kalifornje. Begjin fan de 20e iuw moast it Newlandsprojekt soargje foar yrrigaasjewetter foar de lânbou yn dy kontreien. De Lahontandaam wie part fan dat projekt. It Truckee-Carson Yrrigaasjedistrikt ûntstie yn 1918 as part fan it projekt om wetter fan de Truckee nei de Carsondelling te lieden.

Rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De East Fork Carson is in populêr plak foar fiskjen, flotfarren, berchfytsen, off-roading, jeijen en hynderride.