Springe nei ynhâld

Carry Geijssen

Ut Wikipedy
Carry Geijssen
Reedrider
Carry Geijssen (1968)
Carry Geijssen (1968)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCarolina Cornelia Catharina Langkruis-Geijssen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum11 jannewaris 1947
berteplakAmsterdam
sportive ynformaasje
ûnderdielLangebaan
O.S.Grenoble 1968
debút1964
karriêre-ein1971
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1968, 1936
1x sulver Olympyske Spullen 1968
1x brûns WK Allround 1968

Carolina Cornelia Catharina (Carry) Langkruis-Geijssen (Amsterdam, 11 jannewaris 1947) is in earder Nederlânsk reedrydster. Geijssen wie de earste Nederlânske reedrydster dy't in gouden medalje wûn op de Olympyske Winterspullen.

Sy die seis kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en yn 1968 ien kear oan de Olympyske Winterspullen dêr't se Olympysk kampioen waard op de 1000 meter. Sy waard ien kear tredde by de Wrâldkampioenskippen efter Stien Kaiser en Ans Schut. Sy waard ek ien kear Nederlânsk allround kampioen.

By de Winterspullen wie Geijssen it middelpunt fan in reedriidrel. Tsjinoer in sjoernalist fan De Tijd ferklearre se dat de frouljus-kearnploech al lang in twadde coach woe njonken trainer Piet Zwanenburg. Letter soe Geijssen sizze dat de froulju fûnen dat Zwanenburg tefolle wurk allinnich dwaan moast en dat dat se him fuort ha woene. De kwestje late lykwols ta it fuortgean fan Zwanenburg. Geijsen hold yn 1971 op mei it reedriden op heech nivo.

Persoanlike rekôrs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 45,9 9 febrewaris 1970 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1000 meter 1.31,5 1 maart 1969 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
1500 meter 2.21,3 20 jannewaris 1968 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
3 km 5.00,8 21 jannewaris 1968 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
jier NK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
19644e23ste
1965Sulver7e
1966Goud9e
1967Sulver12e
1968SulverBrûns1000 m, Goud
1500 m, Sulver
19694e14e
19704e11e
19717e
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL