Carley C.12
Appearance
De Carley C.12 wie in lytse Nederlânske sportfleanmasine út de jierren tweintich fan de 20e iuw. Der wiene ferskate ferzjes (sjoch hjirûnder), mar der waarden mar 12 fan makke.
It tastel waard ûntwurpen troch Joop Carley en Theo Slot en makke troch Carley's Aeroplanes yn Voorburg. De earste flecht wie 18 juny 1923 fanôf fjeanfjild Waalhaven. Nettsjinsteande de swierrichheden mei de motor yn 't earstoan, hie Vliegtuig Industrie Holland (VIH) wol belangstelling foar it tastel, dat wilens de bynamme 'fleanende fyts' krigen hie, en stipen sy Carley.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- C.12
- it oarspronklik tastel mei in Indian Chief- en letter Sergantmotor.
- C.12a
- mei in 20 hk Anzani-motor. Earste flecht oktober 1923.
- Holland H.2
- romp en sturtflak fannijs ûntwurpen troch H. Van der Kwast and Theo Lock by VIH. Earste flecht 11 july 1924.
- Pander D
- ferbettere H-2. Earste flecht 16 novimber 1924. Sjoch: Pander D
Spesifikaasjes (C.12a)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Algemien
- Bemanning: 1
- Lingte: 4,80 m
- Spanwiidte: 7,50 m
- Gewicht leech: 185 kg
- Gewicht fol: 225 kg
- Oandriuwing
- 1 Anzani 3-sylinder omkeard Y-type, luchtkuolle 20 hk
- Propeller: 2 blêdige Pierre Levasseur, diameter 1,7 m
- Prestaasje
- Maks. faasje: 140 km/o
- Stallfaasje: 35 km/o
- Fleantiid: 3,5 o