Carles Puigdemont
Carles Puigdemont | ||
politikus | ||
echte namme | Carles Puigdemont i Casamajó | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
bertedatum | 29 desimber 1962 | |
berteplak | Amer | |
partij | PDeCAT Junts pel Sí | |
Presidint fan de Generaliteit fan Kataloanje | ||
amtsperioade | 2016 – 2017 | |
foargonger | Artur Mas | |
opfolger | Quim Torra |
Carles Puigdemont i Casamajó (IFA /'karɫəs pudʒðəˈmon i kazəmə'ʒo/) (Amer, 29 desimber 1962) is in Katalaansk politikus. Fan 1 july 2011 oant 10 jannewaris 2016 wie er boargemaster fan Girona. Op 10 jannewaris waard er ferkeazen as 130e presideint fan de Generaliteit fan Kataloanje, it regionale regear fan Kataloanje. Op 27 oktober 2017 liet er it Katalaanske parlemint de ûnôfhinklikens fan Kataloanje útroppe.[1][2] Dyselde dei waard er troch it Spaanske regear út syn amt setten.[3]
Biografie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Puigdemont is berne op 29 desimber 1962 yn Amer (Kataloanje). Hy is de twadde fan de acht bern fan Xavier Puigdemont en Núria Casamajó, in famylje fan banketbakkers. Hy begûn in oplieding oer de Katalaanske filology oan de Universiteit fan Girona, dy't doe noch in filiaal wie fan de Universiteit fan Barselona mei as namme col·legi universitari de Girona. Hy makke dy stúdzje net ôf. Syn oerpake en ien fan syn omkes hawwe noch boargemaster fan Amer west.[4] Puigdemont wennet yn Girona.
Puigdemont, sjoernalist fan berop, wie haadredakteur fan El Punt, de krante dêr't er yn 1981 begûn, en hy skreaun foar it wykblêd Presència. Fan 1999 oant 2002 wie er de earste direkteur fan it parse-agintskip Agència Catalana de Notícies. Hy wie ek direkteur-generaal fan Catalonia Today, in Ingelsktalige Katalaanske krante. Puigdemont is de skriuwer fan it essay Cata… què? Catalunya vista per la premsa internacional (frij oerset: "Kata… wat? Kataloanje yn de eagen fan de ynternasjonale parse).[5] Ek skreaun er essays oer kommunikaasje, ynformaasje- en ynternettechnology en skriuwt er geregeld yn de media. Puigdemont is lid fan de Katalaanske Sjoernalisteferiening.
Puigdemont, earder aksjefierder fan Crida a la Solidaritat en Defensa de la Llengua, la Cultura i la Nació Catalanes[6] (Oprop ta solidariteit foar de ferdigening fan de Katalaanske taal, kultuer en naasje), waard ek lid fan de Katalaanske Nasjonalistyske Jeugd, dy't er yn de comarca's yn it gebiet fan Girona tegearre mei Pere Casals opsette.[7]
Op 9 jannewaris 2016 waard er troch parlemintsfoarsitster Carme Forcadell foardroegen as presidint fan de Generaliteit[8] en op 10 jannewaris mei sântich stimmen foar (Junts pel Sí en CUP[9]) en trijensechstich tsjin (PSC, PP, Catalunya Sí que es Pot en Ciutadans). Op de falreep kaam it ta in akkoart, doe't de foarrige presidint, Artur Mas, tsjin wa't de CUP in veto útbrocht, syn kandidatuer weromluts.[10] Sûnder dat akkoart hienen neffens de wet nije ferkiezingen útskreaun wurde moatten.[11]
Striid om ûnôfhinklikens Kataloanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 oktober 2017 hold Kataloanje in (neffens de Spaanske grûnwet ûnwettich) referindum oer ûnôfhinklikens en op 27 oktober 2017 rôp it Katalaanske parlemint de ûnôfhinklikens út. Op dyselde dei waarden Puigdemont en syn regear út harren amt set troch it Spaanske regear.[12][13] De taken fan presidint fan de Generaliteit fan Kataloanje waarden oernommen troch Mariano Rajoy en delegearre oan fise-premier Soraya Sáenz de Santamaría.[14] Op 30 oktober 2017 flechte Puigdemont nei België ta, dêr't er de Belgyske abbekaat Paul Bekaert ûnder de earm naam.[15] It Spaanske parket wol Puigdemont ferfolgje foar rebelly, it misbrûk fan oerheidsjild en stokeljen. Dêrom frege Spanje fia in Jeropeesk oanhâldingsmandaat om syn útlevering, maar dat waard op 5 desimber 2017 ynlutsen.[16] Op 21 desimber 2017 waard Puigdemont werkeazen ta parlemintslid yn it Katalaanske parlemint, nei't Spanje nije regioferkiezingen útskreaun hie. Op 1 maart 2018 seach Puigdemont ôf fan syn kandidatuer foar presidint en wiisde er Jordi Sànchez oan as kandidaat.
Op 23 maart 2018 waard in nij Jeropeesk arrestaasjebefal útfeardige, wylst er op dat momint yn Finlân wie. Op de weromreis nei België ta waard er yn Dútslân arrestearre op 25 maart 2018 nei it krúsjen fan de Deensk-Dútske grins.
Persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Puigdemont is troud mei Marcela Topor. Sy ha twa dochters.