Camelford
Camelford Ryskammel | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Greefskip | Cornwall | |
Distrikt | Noard-Cornwall | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.256 (Civil Parish 2001) | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+0) | |
Offisjele webside | ||
Camelford town webside |
Camelford (Kornysk: Ryskammel) is in lytse stêd en civil parish yn Noard-Cornwall, Feriene Keninkryk; it plak leit yn de delling fan de rivier Camel, noardwestlik fan it Bodmin Moor en sa'n 15 km benoarden Bodmin.
De stêd heart ta de ecclesiastical parish Lanteglos-by-Camelford (mei net betize wurde mei it plak Lanteglos-by-Fowey).
De twa meast wichtige oerbleaune yndustryen yn de omkriten binne de laaimyn yn Delabole en it tsiisfabryk yn Davidstow, mar dêr is ek in lyts yndustryterrein yn Highfield.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut reden fan syn namme is it plak wol ferbûn oan it legindaryske Camelot, it hof fan kening Arthur, mar skiedkundigen hawwe dat wjerlein. De oarsprong fan de namme leit faaks by de âlde namme fan de rivier (Allen) yn kombinaasje mei ‘’cam’’ (krom, bûgd) en it Ingelske ford (furde). Net eltsenien is it hjir lykwols oer iens.
De stêd keas twa leden foar it ’’Unreformed House of Commons’’: de earste ôffurdigen sieten yn it parlemint fan 1552. Letter waard de stêd beskôge as in saneamde rotten borough (‘ferrotte kiesdistrikt’) en ferlear it syn (stim)rjocht yn 1832.
Op it segel fan it distrikt is in kameel dy’t troch in furde rint te sjen, in oerienstimming mei de leginde sa’t dy beskreaun is yn "Sigillum Vill: de Camelford".[1] De wynwizer op it âld stedhûs hat ek de foarm fan in kameel.
Yn 1988 wie Camelford ynternasjonaal nijs doe't it drinkwetter fan de stêd en omkriten fersmoarge rekke mei 20 ton aluminiumsulfaat troch de tichteby lizzende Lowermoor wetterwurken fan Bodmin Moor ûnder Bodmin. Der kaam in ûnôfhinklik ûndersyk nei dit barren yn 2002; it wiidweidich ûndersyksferslach waard presintearre yn jannewaris 2005. Dochs binne der noch in soad fragen oer de effekten foar de sûnens fan de befolking op 'e lange doer. Michael Meacher, dy't Camelford as minister fan Miljeu Saken besocht, neamde it foarfal en syn neisleep "A most unbelievable scandal".[2]
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch syn lizzing by it heechste part fan Cornwall hat de stêd in wiet klimaat. Op 8 juny 1957 foel dêr yn ien kear 203 mm rein. Roughtor is de tichtsteby lizzende hichte fan Bodmin Moor en der binne tal fan prehistoaryske oerbliuwsels in de omkriten en ek âlde winplakken foar de porsleinyndustry. It âld stedhûs is fan 1806, mar is no in iepenbiere bibleteek. Oan de rivier leit Enfield Park. Buorskippen yn de parish binne Helstone, Tregoodwell en Valley Truckle. De ekonomy fan Camelford rêst foaral op lânbou en toerisme; by Stannon wurdt noch klaai wûn foar it meisjen fan porslein.
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Camelford hie 70 jier lang in stasjon oan de North Cornwall Railway. It waard yn 1966 sletten en is no in fytsmuseum. De A39 (Atlantic Highway), dy't troch de stêd rint, is no de wichtichste ferbining mei oare parten fan it lân. Fierders rydt der in peaer kear deis in bus nei Plymouth en dielen fan Noard-Cornwall. Der is wol sprutsen oer in rûnwei om de ferkearsproblemen baas te wurden, mar dat is oant no ta neat wurden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- AboutCamelford
- Government Inquiry webside
- Government Inquiry Report, 2005
- Camelford Association of Residents
- Camelford OCS
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|