CSL (fuotbalklub)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan CSL)
CSL
Oprjochte: 11 febrewaris 1966
Plak: Stiens
Kompetysje: sneons tredde klasse
Tenu
webstee CSL

CSL (Combinatie Sportferiening Ljouwerteradiel) is in fuotbalklup út Stiens. De feriening is oprjochte op 11 febrewaris 1966.

De feriening bestiet sûnt 1966, doe't de feriening in kuorbalôfdieling en in fuotbalôfdieling hie. Inkele jierren letter binne der twa ferienings kaam. It kuorbal gie doe oer nei Britsum.

CSL spilet by de fjilden fan It Gryn oan de Ieleane yn Stiens. Der binne 5 senioareteams en in grutte jeugdôfdieling. It earste alvetal spilet yn de 3e klasse.

  • Tenu: giel shirt, swarte broek en giele sportsokken.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]