Springe nei ynhâld

Carel Coenraad Geertsema

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan C.C. Geertsema)
Carel Coenraad Geertsema

Mr. Dr. Carel Coenraad Geertsema (Grins, 9 juny 1843 - Wiesbaden, 19 oktober 1928) wie in Nederlânsk liberaal politikus en advokaat.[1]

Geertsema wie in soan fan mr. Johan Herman Geertsema, dy't letter minister fan Binnenlânske Saken wurde soe, en Arendina Wichers.[2] Hy studearre rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins (1862-1867). Yn 1867 studearre er ôf yn Romeinsk- en hjoeddeisk rjocht. Yn syn studintetiid hat er lid west fan de senaat fan de Grinzer studinteferiening Vindicat atque Polit.[3] Yn 1868 troude Geertsema mei jonkfrou Aleida Sibilla Sara Quintus (1841-1919), dochter fan Earste Keamerlid jhr. mr. Johan Wichers Quintus. It pear krige in soan en in dochter.

Famyljewapen Geertsema yn it provinsjehûs yn Grins

Yn 1876 rjochte Geertsema yn 'e mande mei jonkhear Rhijnvis Feith de bankiersfirma 'Geertsema Feith en Co' op.[4] Desimber 1892 waard er beneamd ta Kommissaris fan de Keninginne yn Grinslân en yn 1893 ynstallearre. Yn dy funksje hat er fral dwaande west mei it ferbetterjen fan de ynfrastruktuer, it be-oarderjen fan wetterskippen en in oanset jûn foar de elektrisiteitsfoarsjenning yn Grins.

Nei syn pinsjoen yn 1917 waard er lid fan de Earste Keamer (oant 1922); hy wie dêr benammen dwaande mei ynlânske saken.

Yn it ramt fan in wurkferskaffingsprojekt waard yn 1924 by Finsterwolde in nije polder oanlein, dy't nei him ferneamd waard en de namme Carel Coenraadpolder krige.

Foar it lêste wurk krige Geertsema 1914 in earedoktoraat steatswittenskippen fan de Grinzer universiteit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Parlement & Politiek
  2. Nederland's Patriciaat nr. 50 (1964)
  3. H.A. Poeleman en H.P. Coster (Red.), Groningsche Volksalmanak voor het jaar 1930. Jaarboekje voor geschiedenis, taal- en oudheidkunde der provincie Groningen (Grins 1930).
  4. Regionaal Historisch Centrum Groninger Archieven (RHC GrA), tagongsnr. 1770, J. Vervliet, Geertsema Feith en Co. 1876-1916 (De Nederlandse Bank 1986), inv. nr. 262