Springe nei ynhâld

Béatrys

Ut Wikipedy
Béatrys
algemiene gegevens
oarspr. titel Beatrijs
auteur anonimus
taal Midnederlânsk
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun 2e helte 13e iuw
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Béatrys
publikaasje 1993, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. ELF
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 9 07 35 54 071

Béatrys (Nederlânsk: Beatrijs) is de algemiene namme foar in Marialeginde dy't nei alle gedachten yn de 2e helte fan 13e iuw yn it Middelnederlânsk op rym setten is.

De Béatrys is in foarbyld fan in literêr gedicht op grûn fan in kristlike leginde. Deselde leginde is ek yn oare Westeuropeeske talen oerlevere (AT 770). De âldste ferzjes dy't bekend binne, binne dy fan Caesarius fan Heisterbach, út de earste helte fan de 13e iuw.

Wat de titel is fan de Middelnederlânske beriming, en sels óf dy ferzje in titel hie, is ûnbekend. Ek de skriuwer is net bekend. It hânskrift wêryn de Béatrys oerlevere is, stamt út likernôch 1374 en wurdt bewarre yn de Keninklike Bibleteek fan Nederlân.

De Béatrys fertelt it ferhaal fan in jonge non dy't as kosteres yn in kleaster wurket. Ut leafde foar in jongfeint ferlit se it kleaster en krijt mei him twa bern. Nei sân jier, as it jild op is, ferlit de man har. Béatrys sjocht har dan needsake om te huorkjen om oan 'e kost te kommen wat se op 'e nij sân jier folhâldt. Se bleau al dy tiid yn har bea op Maria betrouwen. As se nei krekt 14 jier werom giet nei de kontreien fan it kleaster, heart se ferheard op dat nimmen har ôfwêzigens opmurken hat. Yn trije fisioenen fernimt se dat Maria al dy tiid har plak ynnommen hat en wurdt se oantrune har wurk yn it kleaster wer op te pakken. Dat docht se, en alles komt wer te plak, al binne der dingen dy't de kosteres nimmen fertelle kin. Dan komt der in abt nei it kleaster dy't har oertsjûget te bychtsjen wat se dien hat wylst Maria har plak ynnaam.

Der is in teory dat de beriming dy't bewarre bleaun is troch twa skriuwers skreaun is. De earste skriuwer hat dan it ferhaal fan it wûnder skreaun; yn it hânskrift is dat fan it begjin oant en mei rigel 919. Dit is it ferhaal sa't it ek yn de ferzje fan Caesarius fan Heisterbach foarkomt. De twadde skriuwer hat der neffens dy teory it stik oer de bycht by skreaun, fan wêr't de abt nei it kleaster komt, rigel 920 oant de ein. Dat part hat Caesarius fan Heisterbach net, en it soe der by skreaun wêze om reklame te meitsje foar de bycht.

Béatrys ferskynde yn 1993 yn in Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma by Utjouwerij Frysk en Frij en Elektroanyske Letteren Fryslân te Ljouwert.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anonimus, Béatrys (oers. Klaas Bruinsma), Ljouwert, 1993 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 9 07 35 54 071.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.