Busty Heart

Ut Wikipedy
Busty Heart
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 maaie 1961
berteplak Boston (Massachusetts)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
www.bustyheart.com

Busty Heart (berne as Susan Sykes; Boston (Massachusetts), 9 maaie 1961) is in neakenmodel fan it grutte-boarstesjenre en stripper.

Busty Heart ferskynde yn de finale fan it NBC-programma America's Got Talent op 1 oktober 2008. Ek yn Ingelân wie hja te sjen yn Rude Tube yn novimber 2008.

Ien fan har ferneamdste tillefyzje-optredens wie yn Comedy Central's The Man Show, dêr't hja sjen liet hoe't sy bierblikjes platslaan kin mei har boarsten. Itselde kin se ek mei meloenen. Busty Heart hat yn tal fan telefyzjeshows sitten yn de Feriene Steaten, Ingelân en Japan. De stjoerder E! hat in Busty Heart klip op #14 setten fan bêste fideo klip fan 2005.

Op 1 july 2008 joech hja wer in demonstraasje fan har talinten yn it tredde seizoen fan America's Got Talent, mar krige sy unanym "nee" stimmen.[1]

Yn 2012 hie Heart in lyts roltsje yn 'e mainstream-komeedzjefilm The Dictator, as de boarstige froulike liifwacht fan in Arabyske diktator.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. St. Petersburg Times, This is summer TV's best? NBC unearths a woman who can break boards with her breasts troch Eric Deggans; 3 july 2008. [1]