Springe nei ynhâld

Bursfelde

Ut Wikipedy
Bursfelde
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Göttingen
Stedsyndieling Hannoversch Münden
Sifers
Ynwennertal 40 (2019)
Hichte 152 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 34346
Koördinaten 51° 32' 30" N 9° 37' 29" E

Bursfelde is in lyts doarpke yn 'e gemeente Hannoversch Münden yn de lânkring Göttingen yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Tegearre mei Hemeln foarmet Bursfelde in saneamd ortsteil.

Bursfelde leit oan de noardwestlike râne fan it natoerpark Münden oan it plak dêr't de Nieme yn de Wezer mûnet.

Oan de basis fan it doarp stiet de stifting fan it kleaster fan Bursfelde yn 1093. It kleaster spile yn de 15e iuw in grutte rol yn de herfoarming fan kleasters en wie it haadkleaster fan de Kongregaasje fan Bursfelde. It doarp hie eartiids ferskillende nammen (Bursvelde 1272–1409; Lutteken Bursfelde 1443; Luttkebursfelt 1460).

Op 15 july 1968 waard Bursfelde mei Hemeln gearfoege. Troch in weryndieling heart de eardere gemeente sûnt 1 jannewaris 1973 as ortsteil by de stêd Hannoversch Münden.