Bumastate (1580)
Bumastate II (ek: ’t Uithof, Bunlatiro (yn de folksmûle Bommelatijer) wie in state op De Triemen yn Westergeast. It ûntstean fan de state is ûnbekend, der is neat fan werom te finen.
Op de Triemen binne fan belang de sate fan Hotse Buma (1580) en dy fan Wytske Jans Buma (1653). It plak fan Hotse en Wytske yn de genealogy Buma stiet noch net fêst. Bote Luijtiens yn Westergeast kocht yn 1595, 1600 en 1603 dielen fan "Buma saete oppe Triemen" fan de erfgenamten fan Hotse Buma, dy't fóar 1590 as eigener neamd waard. Hotse of Horatius Buma naam yn 1568 oan Nassauske side diel oan de slach by Heiligerlee; hy waard dêrom yn 1569 ferbanne. In neisiet fan de niis neamde keaper, Luitjen Botes, kocht yn 1695 noch lân by: nammentlik in stik lân tusken de Trekwei en de Triemen, Buma Laan geheten, van Hotse Buma heert voormaals afgekomen. Bumasate sil ien fan de stimmende sates wêze fan neisieten fan Bote Luitjens yn 1640. Luitjen Botes komt yn it stimkohier fan 1640 faker as eigener foar. SC17 en SC18 lûke benammen de oandacht; SC17 besiet hy yn de mande mei (syn suster?) Geertjen Botes en ferpachte hy, SC18 hie hy tegearre mei syn al neamde sib fan in oare Buma-staach, Hessel fan Sminia, en brûkte hy sels. Yn 1698 wie FC17 yn eigendom en gebrûk by (wer) in Luitjen Botes, FC18 lyksa yn gebrûk by Luitjen Botes, dy't boppedat tegearre mei Willem Maurits fan Hanecrooth, lykas Sminia in sib fan de oare Buma-staach, eigener wie. SC17 en SC18 binne min te lokalisearjen. Dochs binne se rûchwei wol oan te wizen: it stimkohier dielt alderearst mei dat se op de Triemen lizze. Fergeliking fan it stim- en floreenkohier makket boppedat dúdlik dat de stimnûmering op de Triemen fan east (de griens mei Aldwâld) nei west oprûn. SC17 en SC18, dat de ûnderstelde Hotse Buma heert, leinen dêrom grif beëasten it hjoeddeske hûs De Knip (FC48).
Op it stee fan dit hûs hat ek in âld Buma-goed lein. Dêr lei nammentlik stim SC20.* Yn 1640 wie SC20 foar de helte eigendom fan Take Minnolts (Jouwsma); dy syn frou Wytske Jans Buma ferkocht Bumastate op de Triemen yn 1653 oan in Dirck Wessels. Dat SC20 sil Bumastate west hawwe. Letter moat de grytman Epo fan Aylva dit goed krigen hawwe. Yn 1698 wie dy teminsten eigener fan de stimmen SC20 en SC13 op de Triemen; it hûs hiet doe 't Uithof. Yn 1723 hearde dit hûs blikens in tekening fan Stellingwerf oan de grytman Douwe Feye fan Aylva, soan fan Epo. Nei Douwe Feyes syn dea yn 1725 erfde syn suster Juliana Dorothea fan Aylva - troch har houlik barones fan Schratenbach - it goed. Hja ferkocht in lyts diel: sekere somerhuis, schuire, hovinge, bomen en plantagie c.a. mitsgaders de singel na de Trekwegh uitschietende, en vier pondematen land aan de oostkant van gedachte singel ... alles staande en gelegen op de Triemen aan Evert Ulrich van Hanecrooth, zoon van Willem Maurits van Hanecrooth en Catharina Wygers fan Buma. Het stemrecht van SC20 bleef evenwel van mevrouw Schratenbach.
Yn 1700 wienen de wierskynlik mei SC20 en mei it dêrby hearrende SC13 korrespondearjende floreennûmers FC48 en FC47 eigendom fan Epo fan Aylva. Dêrfan waard FC47, ten westen fan it letere hûs De Knip (1847), as de fenne bij Bunlatiro omskreaun, wyls FC48 diels oan beide kanten fan de lettere Hanecroothsingel - de Bumaleane fan 1695? - en ten noarden fan De Knip lei, diels grinze oan it lân fan FC47. It lânhûs dat de Hanecrooths letter oan de Hanecroothsingel, op it plak fan De Knip, blike te hawwen, giet dus diels werom op it yn 1725 troch him yn eigendom krigen Aylva-besit - yn 1698 't Uithof, yn 1700 en letter Bunlatiro neamd -, dat op syn beurt wer diels op de yn 1653 troch Wytske Buma ferkochte Bumastate weromgean sil (SC20). Boppedat lei it tichtbij de yn tusken 1580 - 1695 neamde Hotse Bumaheert (SC17-SC18) dy't letter gedieltlik oan Sminia-Buma (1640) en Hanecrooth-Buma (1698) kaam. Troch it dielde eigendom fan SC18 (Luitjen Botes en Hanecrooth) en letter it foarbehâld troch Schratenbach-Aylva fan it stimrjocht fan SC20 en SC13, hie Hanecrooth yn 1698 mar rjocht op twatredde stim (SC18) yn de buert fan dit hûs en yn 1728 sels gjin inkele stim mear. Ut it floreenkohier fan 1700 blykt dat ek it Hanecrooth-grûnbesit op de Triemen net grut wie: it sil grif net mear as de omlizzende grûn om it (floreenfrije) hûs Bunlatiro west hawwe.
It hûs Bunlatiro of it huys Bommelatyer, sa't er it neamde, waard yn 1723, doe't it noch Aylva-besit wie, troch J. Stellingwerf tekene. It wie in ienfâldich gebou mei renêssânse-fersieringen. De yngong mei in hege stoepe lei boppe in kelder. De kelder en de hege yngong dogge de fraach opkommen oft dit diel fan it hûs noch midsiuwske resten hie. Njonken it hûs lei in krekt oanleine Frânske tún. It hûs waard yn 1748 ferkocht en soe yn 1782 of 1783 ôfbrutsen wêze. Yn de lette 18e iuw waard hjir it noch besteande hûs De Knip setten. Yn de 19e iuw wienen op it terrein noch resten fan de túnoanlis en fan fivers te sjen. Ek binne by it hûs "oude Friese" stiennen fûn, neffens Vries mooglik resten fan de âlde Bumastate.
- Ek by SC13 wurdt de Uithof fan Epo fan Aylva neamd. De (mei)eigener fan dit goed yn 1640, Ballingh Reyners, wurdt by de ferkeap fan Bumastate yn 1653 as westlike en súdlike belinder neamd. Nei 1653 is ek SC13 oan Aylva komd. By de Uithof fan Aylva leinen dus 2 stimmen, ek by de ferkeapen yn 1725 en 1748 fan Bunlatiro wurdt sein dat der twa stimmen by hearden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|