Springe nei ynhâld

Bûtenrêst

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Buitenrust)
States by Gytsjerk
Bûtenrêst (1722)
Pleats yn 2010

Bûtenrêst wie in state by Gytsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De state waard om 1700 boud op it terrein fan in eardere pleats dy't ek al "Bûtenrêst" neamd waard. Dy pleats wie yn 1640 eigendom fan Dr. Jan Martens te Beetstersweach. Yn 1698 waard de pleats "Bûtenrêst" ferhierd troch Augustinus Lycklama à Nijeholt, as kurator oer de bern fan Taetske Hemminga silger.
Yn de buert fan it âlde steed stiet no in pleats. Yn 1975 wie dy eigendom fan de hear R.J. van der Kooi.

"Bûtenrêst" wie yn de tiid fan Dr. Franciscus Frisius (1722-1744) in moai bouwurk mei in oanboude pleats, hiem, bosk, hôvinge en bou- en greidlannen mei in totaal oerflak fan 135 pûnsmiet (± 45 hektare).

Yn 1780 bea de doetiidske eigener, C.F. van Meijers, de state te hier oan. Dy eardere state stie oan de Singel. It hûs waard grif al yn 1858 (of earder, want Eekhoff jout "Bûtenrêst" al net mear oan yn syn atlas) ôfbrutsen en ferfongen troch in pleats. De beammesingels binne doe bewarre bleaun.

It hûs wie lange tiid yn besit fan de eigeners fan Poelsicht. Geertruida Rinia fan Nauta, widdo fan Mr. Van Ness en dochter fan mr. Cornelis Franciscus Rinia fan Nauta, soe de lêste bewenster fan it bûten "Bûtenrêst" west hawwe.

( Sjoch bewenners Poelsicht)

  • 1722 - 1744 Dr. Franciscus Frisius
  • 1744 - 1772 mr. Cornelis Franciscus Frisius
  • ± 1772 C.F. van Meijers
  • 1830 - 1872 mr. Cornelis Franciscus Rinia van Nauta

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: