Springe nei ynhâld

Brittania (Harns)

Ut Wikipedy
Brittania oan de Noarderhaven 39 anno 2011

It eardere pakhús Brittania oan de Noarderhaven 39 is in monumintaal pân yn Harns

Detail mei de namme fan it pakhús

It hoekpân mei sealdak komt út de 17e iuw, mar is om 1800 hinne feroare. De grutte doarren yn de foargevel wize op it brûken fan it pân as pakhús. Ek de hysbalke boppe it spangevel wiist op de oarspronklike funksje as pakhús.

Yn de foargevel én yn de sydgevel oan de Sjippesiedersstrjitte sitte muorre-ankers. Yn de sydgevel sitte meardere nisfoarmige iepeningen mei traaljewurk en ôfsluten troch finsters.

De namme Brittania sie wize op de ôfkomst fan it guod dat yn it pakhús opslein waard. De namme Brittania as oantsjutting fan it pakhús wurdt yn 1885 by de ferkeap fan in lading beskeadige garst en hjouwer brûkt.[1] Ek yn 1901 wurdt by de ferkeap fan it pakhús de namme Brittania brûkt.[2] Dêrfoar stie it pakhús yn de 19e iuw bekend ûnder de namme Macedoniën (ek Macedoni).[3] It pân is erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Leeuwarder Courant d.d. 30 novimber 1885 Verkooping Van beschadigde Gerst en Haver
  2. Sjoch Harnzer Histoaryske Boarnen en Ljouwerter Krante d.d. 25 oktober 1901 Pakhuis te Harlingen
  3. Sjoch Harnzer Histoaryske Boarnen en Ljouwerter Krante yn de perioade 1833 oant 1868