Springe nei ynhâld

Bridgetown

Ut Wikipedy
Bridgetown
De Chamberlain Bridge oer de Careenage, Bridgetown
De Chamberlain Bridge oer de Careenage, Bridgetown
Bestjoer
Lân Barbados
Kerspel Saint Michael
Sifers
Ynwennertal (2006)
Oerflak 38,8 km²
Stêdekloft 96.578
Hichte 1 m
Oar
Stifting 1628
Tiidsône (UTC-4)
Koördinaten
Bridgetown op Barbados

Bridgetown is de haadstêd fan it Karaïbyske eilân Barbados. De stêd hat sa'n 7000 ynwenners, de stedekloft hat likernôch 96.000 ynwenners.

Bridgetown fan boppe

De havenstêd Bridgetown is in wichtich finânsjeelsintrum foar West-Ynje. Der binne in tal grutte banken festige. Ek de Barbados Stock Exchange húsmannet dêr, ien fan de meast belangrike oandielebeurzen yn it Karibysk gebiet.

Fierders is it toerisme wichtich foar de ekonomy en wurdt der rum, sûker en melasse makke.

Bridgetown waard yn 1628 stifte as Britske koloanje mei de namme Town of Saint Michael (stêd fan St.-Michael). Foar dy tiid wennen dêr fermoedlik Arowakyndianen mar dy wienen doetiids al ferdwûn. Wol wie der noch in primitive brêge oer de rivier. Dêrom krige de nije stêd de bynamme Bridgetown dat nij ferrin fan tiid de offisjele namme waard.
Fan 1800 oant 1885 wie Bridgetown de haadstêd fan de Britske Boppewynske Eilannen. Yn 1966 waard Barbados ûnôfhinklik.

Berne yn Bridgetown

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]