Bretzenheim
Bretzenheim | ||
Herimitaazje. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Bad Kreuznach | |
ferbânsgemeente | Langenlonsheim-Stromberg | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.600 (2022)[1] | |
Oerflak | 5,81 km² | |
Befolkingsticht. | 448 ynw./km² | |
Hichte | 102 m | |
Oar | ||
Postkoade | 55559 | |
Koördinaten | 49° 52' N 7° 53' E | |
Offisjele webside | ||
www.bretzenheim.de | ||
Kaart | ||
Bretzenheim is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Bad Kreuznach yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Langenlonsheim-Stromberg.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bretzenheim leit oan 'e Nahe, dy't 10 km fierder yn 'e Ryn mûnet. Yn it suden leit Bad Kreuznach, yn it noarden Bingen am Rhein. By Bretzenheim hearre ek de delsettings of buorskippen Eremitage, Haus Sitzius, Karlshof, Eulenhof en Orthenberger Mühle.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]West fan Bretzenheim leit hast op 'e grins mei it doarpsgebiet fan Guldental in eardere herimitaazje, dat noardlik fan 'e Alpen unyk is. Nei alle gedachten waard it yn âlde tiden as in heidensk hillichdom yn 'e rotsen úthoud. Sûnt de Romeinske tiid waard it oant de 5e iuw as in mithraeum brûkt. Mei de opkomst fan it kristendom namen sûnt de 6e-8e iuw kristenen de rotsen yn gebrûk. Sûnt it jier 1043 wie der in tsjerke. Mei noch in letter boude tsjerke waard dy tsjerke by in ierdferskowing yn 1567 ferneatige. De rotswenningen oerlibben lykwols de ierdferskowing en tsjinnen as kleaster. De lêste muonts ferstoar yn 1827 yn 'e âldens fan 82 jier.
Yn 'e tiid fan it Hillige Roomske Ryk wie Bretzenheim in oant 1589 oan Kar-Keulen ûnderhearrige hearskippij. Yn 1664 beneamde keizer Leopold I Bretzenheim ta in frije keizerlik hearskippij. In pear jier letter waarden dêr noch wat doarpen oan tafoege. Yn 1789 waard de keizerlike hearskippij in foarstedom, êr't lykwols yn 1795 al in ein oan kaam.
Tusken 1789 en 1791 waard de roomske Marije-Bertetsjerke boud, dy't de âlde tsjerke út de tiid fan 'e Bretzenheimer hearskippij ferfong.
Tusken 1945 en 1948 leit op it doarpsgebiet in kriichsfinzenenkamp, dêr't ûnder tige jammerdearlike en primitive omstannichheden tûzenen Dútske soldaten fêst holden waarden. It kamp hearde by in groep fan mear fan sokke kampen oan of yn 'e buert fan 'e Ryn, de saneamde Rheinwiesenlager en bestie allinne út in mei stikeltried omfieme fjild sûnder de meast needsaaklike foarsjennings. In ienfâldich monumint betinkt de slachtoffers fan it Feld des Jammers.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bretzenheim leit yn it wyngebiet fan 'e Nahedelling. Om it plak hinne is in soad wynbou, al is it tal wynboeren troch skaalfergrutting sûnt 1979 mei mear as de helte tebek rûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|