Breisach am Rhein

Ut Wikipedy
Breisach am Rhein
Breisach - Stephansmünster zur Blauen Stunde.jpg Sicht op de Stefanusmunster
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG DEU Breisach am Rhein COA.svg
Sifers
Ynwennertal 15.488 (31.12.2019)
Oerflak 54,61 km²
Befolkingstichtens 284 / km²
Hichte 225 m
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Baden-Württemberg.svg Baden-Württemberg
Landkreis DEU Landkreis Breisgau-Hochschwarzwald COA.svg Breisgau-Hochschwarzwald
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.breisach.de

Breisach am Rhein is in stêd oan de Dútsk-Frânske grins healwei tusken Colmar en Freiburg im Breisgau en fan beide kanten op sa'n 60 kilometer noardlik fan Basel en súdlik fan Straasburch. In brêge oer de Ryn ferbynt Breisach mei Volgelsheim op de Frânske kant. Noardeastlik fan de stêd leit de Kaiserstuhl, in lyts middelberchte dêr't poerbêste wyn produsearre wurdt.

Yn de lette midsiuwen wie Breisach ynearsten in selstannige ryksstêd yn it Hillige Roomske Ryk, dat fan it stedswapen falt ôf te lêzen. Loadewyk de Beier ferpâne yn 1330 de stêd lykwols oan de Eastenrykske hartoggen Otto de Fleurige en Albrecht de Lamme.

Oan it begjin fan de Iermoderne Tiid waard Breisach útboud ta in ryksfêsting.

Tsjintwurdich is de stêd fan belang as sintrum fan sa'n 40.000 ynwenners yn de omkriten op de Dútske kant en de oanbuorjende Elzas.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besjen wurdich is de op in rots (Münsterberg) boppe de stêd lizzende romaansk-goatyske Stephansmünster. Foar de rots oer leit de Eckartsberg, dêr't de resten fan de fêsting te sjen binne.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]