Breidskie
In breidskie, ek: breidspreamhâlder en is in hâlder foar breidspriemmen.
By it breidzjen siet de breidspriemhâlder meast fêst oan de mulbân, mar se waarden ek wol fêstsetten mei in spjelde. As der net breide waard koe de hâlder fêstmakke wurde oan de châtelaine, in heak mei dêroan in dûbele keatling. Oan de keatlingen siet dan al in nillekoker, in hertfoarmch spjeldekessen en in skjirre.
Wa't te teedrinken gie nom meast in breiwurkje mei. Om it breidwurkje efkes 'oan kant' te lizzen wienen der twa sulveren breiddoppen. Om dy net te ferliezen sieten se mei in sulveren keatlinkje oan elkoar fêst. Sokke djoere preamhâlders wienen benammen foar hegere stân. Faak wie der ek noch in bûgeltaske. Dêryn siet faak wat rûkersguod, in sulveren stop of snúfdoaske, in waaier en in doekje yn. Roomske froulju droegen der ek in roazekrânse yn mei in sulveren bûgel as sluting. In frou mei al dit sulverwurk waard dan ek wol 'myn sydsulver' neamd.
In breidskie waard faak as geskink jûn by in trouwerij. Se wienen faak fersierd mei geometryske en blommotiven. Eartiids wienen der breidpreamhâlders fan sulver, mar ek fan bien en hout. Der binne yn Fryslân noch in soad breidspreammen bewarre bleaun. Yn it Frysk Skipfeart Museum is ek ien te sjen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|