Betty de Boer
Appearance
(Trochferwiisd fan Bregtje de Boer)

Bregtje Grietje (Betty) de Boer (Surhústerfean, 2 septimber 1971) is in politika foar de VVD.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Boer gie nei de middelbere skoalle yn Drachten en studearre bestjoerswittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei wurke se foar ferskillende gemeentes en bedriuwen. Yn 2004 begûn se in eigen advysburo, rjochte op MKB en oerheid. Yn 2002 waard De Boer foar de VVD keazen ta lid fan de gemeenteried fan de stêd Grins. Se rjochte har op romtlike oardering en ferkear en ferfier. Yn 2006 folge se Remco Kouwenhoven op as fraksjefoarsitter. De Boer wie lid fan de riedskommisjes foar Finânsjes & Feilichheid en Romte & Wenjen. Fierders siet se yn de rekkenkeamerkommisje.
Fan 2010 oant 2017 wie Betty de Boer lid fan de Twadde Keamer.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |