Bramstedtlund
| Bramstedtlund | ||
| Lokaasje fan 'e gemeente Bramstedtlund (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Amt | Südtondern | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 214 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 13,85 km² | |
| Befolkingsticht. | 15 ynw./km² | |
| Hichte | 21 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1492 (foar it earst neamd), 1954 (as selsstannige gemeente) | |
| Postkoade | 25923 | |
| Offisjele webside | ||
| www.amt-suedtondern.de | ||
| Kaart | ||
Bramstedtlund (Noardfrysk: Bramstedtlund; Nederdútsk: Braamsteedlund; Deensk: Bramstedlund) is in plak yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Südtondern en telt 214 ynwenners (2024).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard yn 1492 foar it earst neamd. Yn it feanige gebiet waard foarhinne in soad turf stutsen foar brânstof.
Yn 'e tiid dat it plak by it hartochdom Sleeswyk by it Keninkryk Denemark hearde, foel de delsetting – doe noch ûnder de namme Bramstedt – bestjoerlik ûnder it kerspel Ladelund (Deensk: Ladelund Sogn). Dat kerspel wie part fan 'e doetiidske gritenij Kær (Deensk: Kær Herred).
Yn it jier 1873, as ûnderdiel fan 'e provinsje Sleeswyk-Holstein yn it Dútske Keizerryk, waard de gemeente by Ladelund foege. Dat bleau sa oant it jier 1954, doe't de twa Ortsteilen Bramstedt en Bramstedtfeld tegearre as Bramstedtlund wer in selsstannige gemeente waarden.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
