Braaktuolle
Braaktuolle | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Russula emetica | ||||||||||||
(Schaeff.) Pers. |
De Braaktuolle (Russula emetica) is in reade poddestoel, dy't de namme te tankjen hat om't er giftich is.
Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De braaktuolle hat in bolfoarmige reade hoed fan 3 oant 7/8 sintimeter breed. Mei't er âlder wurdt kriget de braaktuolle in flakke hoed. De stâl is wyt en by de basis breder.
Alhoewol't de braaktuolle giftich is, waard er yn dielen fan Europa wol iten nei't er earst trochsean waard. Dochs is it perfoarst ôf te rieden; minsken kinne der goed siik fan wurde.
Fynplakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De braaktuolle hâldt fan wiete bosken yn Europa, Aazje, Noard-Amearika en Noard-Afrika.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (ned) Soartebank
- (ned) Poddestoelen yn Fryslân
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Braaktuolle fan Wikimedia Commons. |