Brún sâneachje

Ut Wikipedy
brún sâneachje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai brune sâneachjes (Maniola)
soarte
Maniola jurtina
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

It brún sâneachje (Maniola jurtina) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymphalidae).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It brún sâneachje komt foaral foar yn rûge greiden, by houtwâlen, hagen of sleatskanten. De soarte komt foar yn tunen en lânbougebieten. It is dan ek in tige algemiene soarte dy't ferspraat oer hiel Nederlân foarkomt.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is likernôch 21 oant 28 mm. It mantsje hat op de foarwjuk in swart eachplak. De wyfkes hawwe dat ek mar sy hawwe in opfallende oranje plak op de foarwjuk.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan ein maaie ôf oant heal septimber. Se binne foaral te sjen tusken midden juny oant begjin augustus. It Brún Sâneachje fljocht altyd yn ien generaasje.

De rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 30 mm lang wurde. De rûp is grien mei in donkergriene rêchline. De rûp is oan de ûnderkant donkergrien. De punt fan it achterliif is wyt. De rûpen oerwinterje as healwaaks rûpen. Sa gau as it waarmer wurdt, wurde de rûpen aktyf. Yn it foarjier groeie de rûpen fluch.

De rûp fret ferskillende soarten gers.

Brún Sâneachje