Brún groukopke

Ut Wikipedy
Brún groukopke
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (nymhalidae)
soarte
Erynnis tages

It Brún Groukopke (Erynnis tages) is in soarte yn it skaai fan de Stofwjukgroukopflinters (Erynnis).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter is slim bedrige. De Brune Groukopkes komme allinnich noch foar yn Súd-Limburch. Se hâlde fan drûge skrale greiden en rûchten. It is in honkfêste soarte.

Op de reade list stiet de flinter as slim bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is likernôch 13 mm. De boppekant fan de wjukken is brún mei dizige grize plakken.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan begjin maaie ôf oant ein juny. Foaral tusken 10 maaie oant 5 juny. It Brún Groukopke fljocht yn ien en soms yn twa generaasjes.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is gieleftich mei grien. De rûp is bedutsen mei wite hierkes. It Brune Groukopke oerwinteret as in healwaaks rûp, yn in kokon. Nei de winter ferpopket de rûp him.

De rûp fret fan de Tôchklaver, de Hynstehoefklaver en de Duveldrek.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]