Springe nei ynhâld

Brêge yn de N384 (Wjelsryp)

Ut Wikipedy
brêge yn de N384
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Wjelsryp
bysûnderheden
type bouwurk brêge
subtype fêste brêge
boujier 1977; 2019
sloopjier 2019
oerbrêget Frjentsjerter Feart
wei of spoar N384 (Suderpolderwei)
oare ynformaasje
hichte 2.60 m (trochfeart)

De brêge yn de N384 (der is gjin offisjele namme) is in fêste brêge yn 'e provinsjale wei N384 (pleatslik bekend as de Suderpolderwei) tusken Dearsum en Frjentsjer.[1][2] De brêge giet likernôch in heale km súdlik fan it Fryske doarp Wjelsryp oer de Frjentsjerter Feart, dy't dêr fan Wjelsryp, yn it noarden, nei Mûntsjetille by Winsum streamt.[1][2]

De brêge yn 'e N384 waard yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren tagelyk mei it trasee fan 'e N384 tusken Winsum en Frjentsjer oanlein en yn 1977 iepene.[boarne nedich] Hy wie lykwols sa plat dat in grut diel fan 'e trochfeart dertroch behindere waard.[boarne nedich] Dêrnjonken waard by de oanlis fan 'e brêge de tagong fan 'e Baaiumer Opfeart ta de Frjentsjerter Feart ôfsletten, mei as gefolch dat it doarp Baaium net mear oer it wetter berikber wie.[boarne nedich]

Yn it neijier fan 2019 waard begûn mei it fernijen fan 'e brêge,[2] nei't in tal jierren dêrfoar de ôfsluting fan 'e Baaiumer Opfeart al opheft wie.[boarne nedich] By de nijbou waard de trochfeart fan 'e brêge ferhege fan 2.40 m nei 2.60 m.[2] Fierders kamen der fangrails oan wjerskanten fan 'e brêge.[2] Om it ferkear net te slim te behinderjen, waard njonken de brêge in tydlike needbrêge oanlein.[2] De wyks foar de kryst fan 2019 waard de haadrydbaan fan 'e nije brêge al iepene foar it ferkear.[1][2] De fangrails waarden pleatst yn 'e wike fan 27 jannewaris 2020, wêrnei't it ôfrûnjende wurk tsjin 'e ein fan febrewaris hielendal klear wie.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 ——, Hoofdrijbaan brug Wjelsryp weer open, yn: de Frjentsjerter Krante, 24 desimber 2019, s. 7.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 2,7 ——, Nieuwe brug Wjelsryp open voor verkeer, yn: van Wad tot Stad, 21 desimber 2019, s. 17.