Springe nei ynhâld

Boskwytflinterke

Ut Wikipedy
boskwytflinterke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje wytflinters (Pieridae)
skaai boskwytflinters (Leptidea)
soarte
Leptidea sinapis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

It boskwytflinterke (Leptidea sinapis) is in soarte yn de famylje fan de wytflinters (Pieridae).

It boskwytflinterke is in honkfêste soarte. De flinters hâlde fan fochtige waarme greiden. It Boskwytflinterke is oant 1990 in pear kear efterelkoar fûn. Mar nei in koarte tiid wie it skaai dan ek wer ferdwûn. Yn 1993 is de soarte wer sjoen op de Sint-Pitersberch. Der wurde no alle jierren Boskwytflinterkes sjoen. De soarte wreidet selfs wat út.

Op de reade list stiet de flinter as "net bedrige".

It is in hiele gefoelige flinter mei ovale wjukken. De flinter hat in aparte manier fan fleanen: Se geane in bytsje omheech en dan wer in bytsje omleech. De wjuklingte is likernôch 20 mm. By it mantsje is it plak op de foarwjuk donkerder as by it wyfke.

De flinter kin fûn wurde fan begjin maaie oant ein maaie en fan ein juny oant ein augustus. It Boskwytflinterke fleant yn twa of trije generaasjes.

De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is felgrien mei in giele streek oer de rêch. De hiele rûp is bedutsen mei lytse hierkes. De rûp groeit in de simmer mar wurd hast nea sjoen. De pop oerwinteret tsjin in stâle fan in plant oan.

De rûp fret fan Giele Skuontsjes, Tôchklaver en Wikje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]