Boris en Glebtsjerke yn Plotniki (Veliki Novgorod)

Ut Wikipedy
Boris en Glebtsjerke

Церковь Бориса и Глеба

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Novgorod
plak Veliki Novgorod
koördinaten 58° 31' N 31° 17' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1536
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 531510235180006

De Boris- en Glebtsjerke yn Plotniki (Russysk: Церковь Бориса и Глеба в Плотниках) is in otterdokske tsjerke yn Veliki Novgorod, Ruslân. De tsjerke stiet yn it noardeastlike diel fan de stêd oan de lofter kant fan de Volchov, tusken de saneamde Hannelskant en de eardere wyk fan de timmerlju. De tsjerke waard yn 1536 boud mei fiif koepels op it plak fan in houten tsjerke mei mar ien koepel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1536 troch de ynwenners boud, mei finansjele stipe fan de keaplju út Moskou en Novgorod. Yn de kroniken stiet beskreaun dat de bou yn fiif moannen foltôge wie. Likernôch twintich boumasters mei namme út Novgorod soargen foar de lieding fan de bou, dêr't hja elk 53 rûbel foar barden. Foar de bou waarden de âlde fûnenminten fan de foargonger op 'e nij brûkt.

De tsjerke yn it begjin fan de 20e iuw

Wat de struktuer oanbelanget is de tsjerke te fergelykjen mei de 14e iuwske tsjerken fan Novogrod. Oan de oare kant sleat de nije tsjerke hielendal oan op de nij moade yn de arsjitektuer fan it Novgorod fan de 16e iuw. Dêrfan tsjûgje de fiif koepels op it dak, in ûngewoan oantal yn de lokale tsjerke-arsjitektuer fan de 13e oant 15e iuw. Dat jildt ek foar de oarspronklik kylfoarmige sakomary (tsjintwurdich rjocht en flak), de mearfâldige gevels oan alle kanten fan it gebou en de dekorative friezen mei fiifhoekige nissen om de tamboeren en ûnder de dakrâne fan de apsis.

Lykas oare tsjerken yn Novgorod út dy tiid waard ek de Boris en Glebtsjerke boud fan bakstien.

Monumint Alekander Nevsky

De tsjerke waard yn april 1937 troch de ateïstyske oerheid sletten. Yn de Twadde Wrâldkriich ûndergyng de tsjerke net in soad skea. Om 1955 hinne folge in restauraasje neffens in plan fan de arsjitekt Z.I. Vasiljev. Yn dy tiid wie de klokketoer noch yn in ridlike steat. Yn de jierren 1960 begûn de stedsuntwikkeling lâns de kant fan de Volchov fan de Boris en Glebtsjerke oant de Aleksander Nevskybrêge. In tsjerketoer past neffens de plannemakkers net yn de nije skyline fan dat part fan de stêd en dus waard de toer ôfbrutsen.

Letter waard de tsjerke brûkt as pakhûs. Yn de jierren 1980 en 1990 bestudearre de arsjitekt V.A. Popov it monumint foar in folgjende restauraasje, dy't yn 1991 foltôge waard. De tsjerke waard in jier letter werom jûn oan it bisdom Novgorod fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Tichteby de tsjerke stiet in monumint fan Aleksander Nevsky fan de byldhouwer Jûry Tsjernov. Likernôch 160 meter noardlik stiet de Tsjerke fan Jehannes de Teoloog yn Vitka.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Бориса и Глеба в Плотниках