Springe nei ynhâld

Bonne Broersma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bonne Roel Broersma)
Dokkumer Ie
Slûzen Lauwerseach

Bonne Roel Broersma (Ljouwert, 11 april 1942) is in Ljouwerter keunstskilder. Broersma makke sûnt begjin sechtiger jierren al sa'n 400 keunstwurken.

Bonne Broersma hat nea in spesifike keunstoplieding folge, mar wurke op gefoel en talint en ûntwikkele sa in eigen styl. Hy die it skilderjen njonken syn wurk as personeelsadministrateur by Aegon. De skilderijen falle net ûnder ien styl en rinne útinoar fan ympresjonistysk oant realistysk, de iene kear yn âlde styl, dan wer modern. Ûnderwerpen binne faak lânskippen (benammen de Waadkust) de stêd Ljouwert en de haven fan Harns. Minsken út syn neiste rûnten en aktuele ûnderwerpen binne faak ek in tema. Fryslân-eigen ûnderwerpen as skûtsjesilen, fierljeppen, reedriden en fiskjen sitte likegoed yn syn oeuvre.

Net allinnich is der in grut ferskaat oan ûnderwerpen, mei de techniken is it allyksa. De iene kear mei oaljeferve of akryl op doek en tripleks, oare kearen potleadtekeningen, akwarellen of kryttekeningen.

Ien fan syn eksposysjes wie yn 't Kommissiehuys yn Nyegea. Der hawwe oars net sa folle eksposysjes fan syn wurk west, hy hat eins nea op de foargrûn stean wollen. In soad fan syn wurk hinget dan ek by kunde fan dy beskieden keunstner.

  • Destruksje fan de CAF op de eksposysje fan 'Wetterpalet' yn Grou (1993).
  • Riders op de Harnzersingel fan de 'Rotary-klub Ljouwert' (1994)
  • Lânskip mei beammen, oanmoedigingsprijs fan it magazine 'Atelier' (1996)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: