De Boersma Adema Stichting is in Fryskestifting, dy't oprjochte is ta it befoarderjen fan 'e Fryskekultuer, mei yn it bysûnder de klam op 'e Frysketaal. Dizze stifting is fêstige yn Ljouwert, oan 'e Nachtegealstrjitte 2. Lju dy't in bydrage leverje wolle oan kultuer yn Fryslân of oan 'e befoardering fan it brûken fan it Frysk kinne by de Boersma Adema Stichting (inkeld skriftlik) in fersyk ta finansjele stipe yntsjinje. De stifting is by de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert ynskreaun ûnder nûmer 58800069.