Springe nei ynhâld

Bobslydzjen op de Olympyske Winterspullen 1924

Ut Wikipedy

De Olympyske Winterspullen 1924, ek wol de Ie Olympiade neamd, waarden yn 1924 yn Chamonix, Frankryk hâlden. Dat wie fan 25 jannewaris oant en mei 5 febrewaris. It bobslydzjen wie yn de La Piste de Bobsleigh des Pellerins. It wie de earste kear dat it bobslydzjen op it programma stie.

La Piste de Bobsleigh des Pellerins

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De La Piste de Bobsleigh des Pellerins waard yn 1924 boud foar de Olympyske Winterspullen 1924 De baan hie in lingte fan 1.369,88 meter, in ferfal fan 156.29 meter en njoggentjin bochten. De bobbaan wie in natoerbaan mei in ûndergûn fan gêrs. Nei de Spullen is de baan slim yn ferfal rekke.

Manlju
# Bobbers Lân Totaaltiid
Goud Eduard Scherrer
Alfred Neveu
Alfred Schläppi
Heinrich Schläppi
Flagge fan Switserlân   SUI 5:45.54
Sulver Ralph Broome
Thomas Arnold
Alexander Richardson
Rodney Soher
Flagge fan Grut-Brittanje GBR 5:48.83
Brûns Charles Mulder
René Mortiaux
Paul van den Broeck
Victor Verschueren
Henri Willems
Flagge fan Belgje BEL 6:02.29


Bobslydzjen op de Olympyske Winterspullen
Chamonix 1924 | Sankt-Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt-Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Innsbruck 1964 | Grenoble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Tignes-Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan 2026
· · Berjocht bewurkje